Ferdrach fan Fort Laramie (1868)

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1868. Foar it ferdrach út 1851, sjoch: Ferdrach fan Fort Laramie (1851).
Generaal William T. Sherman (3e fan links) e.o. folmachten mei Yndianelieders.

It Ferdrach fan Fort Laramie wie in oerienkomst dy't op 29 april 1868 sletten waard tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en beskate Yndiaanske folken út it gebiet fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Dit ferdrach kaam fuort út ûnderhannelings dy't yn Fort Laramie, yn it súdeasten fan wat letter de Amerikaanske steat Wyoming wurde soe, holden wiene tusken folmachten fan 'e Amerikaanske oerheid en fertsjintwurdigers fan 'e Noardlike Arapaho, en de Oglala-, Minnikonzjû- en Brulee-stammen fan 'e Lakota en de Janktonai-stamme fan 'e Westlike Dakota. Hjirmei kaam in ein oan 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), hoewol't ien fan 'e dielnimmende folken, de Noardlike Sjajinnen, net yn it ferdrach behelle wie en sadwaande feitlik yn oarloch bleau mei de Feriene Steaten.

Yn dit twadde Ferdrach fan Fort Laramie (nei it earste ferdrach út 1851) waard njonken oare lân- en jachtrjochten fêstlein dat de Black Hills eigendom fan 'e Lakota wiene, en dat it lân fan 'e Powderrivier, yn wat no súdeastlik Montana is, tenei ferbean gebiet wêze soe foar alle blanken, útsein oerheidsfunksjonarissen. Troch Amerikaanske ûnkunde of ûnferskilligens ûntstie troch dizze oerienkomst in nij probleem doe't it heitelân fan 'e Ponka oan 'e Lakota tawiisd waard. Sadwaande wiene de Feriene Steaten neitiid twongen om 'e Ponka fan harren eigen lân yn Nebraska nei folle skrielere grûn yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) te deportearjen.

It Ferdrach fan Fort Laramie brocht acht jier fan relative frede yn it noardlike part fan 'e Grutte Flakten, mar dêr kaam in ein oan doe't der ûnder de Ekspedysje nei de Black Hills goud fûn waard yn dat heuvellân, in gebiet dat hillich is foar de Lakota. Blanke goudsikers krongen doe ûnder de saneamde Goudkoarts fan de Black Hills sûnder har wat oan it ferdrach gelegen lizze te litten de heuvels binnen, en doe't it Amerikaanske regear wegere om dêrtsjin fanwegen te kommen, briek it dêrmei de oerienkomst mei de Yndianen. De Lakota besleaten doe sels de blanken fan har lân te ferdriuwen, wat late ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Dat konflikt einige yn 'e definitive nederlaach fan 'e Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Nei de oarloch ûntnadere it Amerikaanske regear de Lakota yn 1877 de Black Hills. Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf oan acht Lakota- en oare -stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen ta: $17,1 miljoen dollar foar de merkwearde fan it lân yn 1877 en $88 miljoen oan rinte (fan 5% it jier). Mei't it hôf lykwols net harren rjochten op it lân sels erkende, wegeren de Lakota mei de skikking akkoart te gean

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.