Ferbastering

Ut Wikipedy

In ferbastering is in taalkundich ferskynsel wêrby't in wurd of namme yn 'e rin fan 'e tiid sterk fan foarm feroaret, bygelyks om't de oarspronklike betsjutting yn 'e ferjitnis rekke is. Ek kin it gean om in lienwurd út in frjemde taal, dy't net sprutsen wurdt troch (in grut part fan) de lju dy't it wurd brûke, wat liede kin ta folksetymologyen dy't ferbastering befoarderje. Ferbastering begjint sadwaande yn 'e regel yn 'e sprektaal en kin him dêrwei al of net útwreidzje nei de skriuwtaal.

Goede foarbylden fan ferbastering binne de fan oarsprong Nederlânske plaknammen yn New York: Haarlem is Harlem wurden, en Breuckelen is feroare yn Brooklyn. Fierders tilt it Frysk op fan 'e ferbasterings, benammen fan Frânske orizjine. Sa komt 'perfoarst' ("beslist") fan par force ("mei krêft"), 'ientûtmem' ("ûnferskillich") fan toute même ("folslein itselde") en 'op it aljemint' ("te praat") fan alignement ("it op ien rige setten").

De meast foarkommende foarm fan wurdferbastering is in akryology, dêr't alle neamde foarbylden ta rekkene wurde kinne. Akryologyen kinne as sadanich ek as stylfiguer brûkt wurde. In kontaminaasje is in foutive ferbastering by fersin, dy't dêrom gjin stylfiguer wêze kin (lykas 'optelefonearje' ynstee fan 'opbelje' of 'telefonearje'). In malapropisme is ek in foarm fan ferbastering, dy't plakfynt troch in ûnbewuste ferfoarming fan in wurd ûnder ynfloed fan in dêr sterk op lykjend wurd (lykas it sizzen fan 'organisme' as men 'orgasme' bedoeld of oarsom).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.