Fee (mytysk wêzen)

Ut Wikipedy
Portret fan in fee, troch Sophie Gengembre Anderson (1823-1903).

In fee is in mytysk wêzen út 'e Westerske folkloare, dat oer it algemien omskreaun wurdt as antropomorf en froulik. It wurd 'fee' komt fan it Aldfrânske fée of faie, en komt yn elts gefal sûnt de achttjinde iuw yn it Nederlânsk en Frysk foar. De oarspronklike Frânske foarmen binne wer ôflaat fan it Latynske fatum, dat "it lot" betsjut, en/of fan 'e goadinne Fata, de ferpersoanliking fan it lot yn 'e Romeinske mytology.

In fee is yn 'e regel in wêzen fan grutte skientme, dat geskinken bringt oan poppen of jonge bern; fleane, tsjoene en winsken ferfolje kin; en foarsizzings dwaan kin of ynfloed útoefenet op 'e takomst. Fral yn mearkes komme faak feeën foar. Der binne sawol goede as boaze feeën, en de begripen boaze fee en heks rinne yninoar oer. Feeën kinne it uterlik fan in jonge frou hawwe, mar kinne ek it stal fan in âldwyfke oannimme.

De eigenskippen fan feeën ferskille per gebiet en kultuer. Ek harren komôf wurdt ferskillend útlein. Sa wurdt soms sein dat in fee in fallene ingel is, in elemintale geast, in spûk of sels in minsklike frou dy't har tsjoenderij eigen makke hat. Meastal wurdt in fee lykwols as in soarte fan ierdgeast sjoen. Feeën binne nau ferbûn mei de krêften fan 'e natoer en it konsept fan 'e oare wrâld. Ferskate oare mytyske wêzens wurde soms as fee beskôge, lykas wite wiven, sirenes en nimfen. Yn 'e Ingelsktalige wrâld wurde mei de termen fairy of fae (de Ingelske oersettings fan 'fee') net inkeld beskate froulike wêzens oantsjut, mar alle ierdgeasten, ek de manlike.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.