Enkête

Ut Wikipedy

In enkête of befreging is in wize fan ûndersyk dwaan, wêrby’t gebrûk makke wurdt fan in fragelist, dy’t oan meardere persoanen foarlein wurdt. Dy persoanen kinne in hiele doelgroep foarmje, of se binne út in represintative stekproef helle. It ûndersyk kin om sawol feiten as mienings gean (lykas by in opinypeiling). De útslach fan in enkête kin op himsels holden wurde mar tsjinnet meast as stipe foar oare gegevens.

In enkête is meast anonym en it resultaat is in trochsnee fan mienings. In al of net slagge resultaat hinget fan de mjitte ôf wêryn’t in doelgroep represintatyf is, en yn hoefier de antwurden op de enkêtefragen bydrage oan it ûndersyk.

Yn de polityk bestiet ek it rjocht op enkête wêrby’t riedsleden en keamerleden de mooglikheid hawwe om in ûndersyk dwaan te litten nei besluten dy’t nommen binne by grutte projekten.

Wize fan enkêtearjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2015 rapportaazje Motivaction bewurkers - Detail wurksfear op NL wikipedia

In enkête kin út iepen fragen, mearkarfragen of in kombinaasje fan beide bestean. By ûndersyk nei feiten (kwantitatyf ûndersyk) wurde benammen mearkarfragen brûkt, wylst yn ûndersyk nei mienings (kwalitatyf ûndersyk) earder iepen fragen brûkt wurde sille. De klassike manieren om in enkête te hâlden binne mei de komst fan de ynformaasje- en kommunikaasjetechnology gâns útwreide. Jo ûnderskiede ûnder oare:

  • mûnling (fraachpetear)
  • skriftlik
  • elektroanysk (telefoanysk of fia ynternet)
  • fia sms
  • fia faks

Benammen yn de Feriene Steaten is in fariant te finen fan elektroanyske fraachpetearen dy’t Robot-calling neamd wurdt. De respondint wurdt dêrby belle troch in voice-response systeem en kin troch mei de op syn of har telefoan oanwêzige toetsen of ienfâldige spraakwerkenning andertopsjes selektearje. Grut foardiel fan sa’n metoade binne de legere kosten trochdat der gjin enkêteurs mear nedich binne, en de gruttere berikberens trochdat ek analfabeten en lju sûnder ynternet berikt wurde kinne. De troch in soad minsken as ûnpersoanlik oerkommende oanpak is de minne kant fan dy metoade.

Trije nivo’s[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term enkête wurdt op trije nivo’s brûkt.

Op it leechste nivo is de term enkête synonym oan de term fragelist.

Op it middelste nivo hat de term enkête de betsjutting fan fragelist en alles wat der by om de hoeke komt foar it ôfnimmen dêrfan. By in persoanlike (man ta man) ôfname spylje oare saken in rol as by in telefoanyske of skriftlike ôfname of in ôfname oer ynternet. In sprekker of auteur brûkt no sinsnedes as in enkête ôfnimme of in enkête opstjoere, in telefoanyske enkête, skriftlike enkête of webenkête. Dit is de meast gebrûklike betsjutting fan it begryp enkête.

Op it heechste nivo fersteane jo ûnder in enkête in ûndersyksfoarm. De sprekker of auteur brûkt dan terms as: in enkête útfiere of in enkête dwaan.

Yn de ûndersyksliteratuer wurde de terms enkête en fraachpetear noch alris trochinoar brûkt. De auteur kin it oer in telefoanysk fraachpetear hawwe of in telefoanyske enkête. In ferslachjouwer fan in krante dy’t lju op ‘e dyk in pear fragen stelt docht in fraachpetear: in ûndersiker dy’t ek in pear fragen stelt is oan it enkêtearjen. It ûnderskied tusken fraachpetear hâlden en enkêtearjen is gradueel en hinget gear mei de mjitte fan it strukturearre wêzen fan de fragelist en de needsaak dat der in fragesteller oanwêzich wêze moat.

Doelgroep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de hiele doelgroep net enkêtearre wurde kin, bygelyks omdat dy groep te grut is, wurdt in stekproef út de doelgroep nommen om de enkête by ôf te nimmen. Foar in goed resultaat binne by it enkêtearjen beskate groepen net oerfertsjintwurdige. In enkête oer de mjitte fan it kompjûtergebrûk is bygelyks net allinnich online yn te foljen.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: