Eli Heimans

Ut Wikipedy
Eli Heimans
Eli Heimans (1914)
Eli Heimans (1914)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 febrewaris 1861
berteplak Swol
stoarn 22 july 1914
stjerplak Gerolstein
wurkpaad
berop/amt ûnderwizer
aktyf as fjildbiolooch, publisist
reden
  bekendheid
natuerbeskermer
Geologysk monumint Heimansgroeve

Eli Heimans (Swol, 28 febrewaris 1861Gerolstein, 22 july 1914) wie in Joadsk-Nederlânsk ûnderwizer en natuerbeskermer. Mei Jac. P. Thijsse hat er sines dien oan it populêr meitsjen fan natuerstúdzje yn Nederlân en lei er mei de basis foar de natuerbeskerming yn Nederlân.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heimans waard berne as soan fan Jacob Heimans en Elisabeth Valk. Hy folge de legere skoalle en de HBS, mar makke dy lêste net ôf, omdat er yn de ferverij fan syn heit meihelpe moast. Heimans folge oan de Swolske Normaalskoalle de oplieding ta ûnderwizer en helle dêr de helpakte, haadakte, de akte foar wiskunde en de aktes foar trije frjemde talen.

Yn 1882 fêstige er him as jonge ûnderwizer yn Amsterdam, dêr 't er rillegau befreone rekke mei Jan Ligthart. Yn 1881 sollisitearre er nei de posysje fan tredde ûnderwizer oan de iepenbiere legere skoalle yn de Zwanenburgerstrjitte yn Amsterdam, dêr 't er yn maaie 1882 begjinne koe. De skoalle stie yn in efterbuert, mar Heimans ûntduts al gau de natuer krekt bûten de stêd, dêr't er wer op ferhaal komme koe. Hy makke karriêre yn it ûnderwiis en waard yn 1893 haad fan de nije Planciusskoalle yn wat no de Twadde Breeuwersstrjitte hjit. Mei't er in poerbêst waarnimmer wie en goed leare koe, groeide syn kennis fan planten en bisten fluch. Boppedat hie er ek niget oan geology.

Heimans siet tegearre mei ûnder oare Ligthart en C.F A. Zernike yn de redaksje fan it pedagogysk moanneblêd Oud en Nieuw. Hy hie krityk op it tradisjoneel systematysk oriïntearre ûnderwiis yn de natuer sa 't dat oant dan ta jûn waard, en pleite derfoar om de bern mei nei bûten te nimmen en bisten en planten yn de klasse te bringen. Sadwaande koe it eigen waarnimmen stimulearre wurde.

Hy skreau syn ideeën op yn it boekje: De levende natuur, een handleiding bij het onderwijs in de kennis van planten en dieren op de lagere school in het bijzonder voor de grote steden. Yn dat boekje dat yn 1893 ferskynde, basearre er him op it Sarphatipark yn Amsterdam. Letter soe de metoade fierder útwurke wurde ta in hantlieding dy't yn fjouwer dielen ferskynde tusken 1898 en 1908. Heimans skreau ek berneboeken, en yn 1889 ferskynde fan syn hân it populêre jongesboek Willem Roda.

Troch dat boekje kaam er yn kontakt mei Jac. P. Thijsse mei wa't er deselde passy foar de natuer en syn pedagogyske ynsichten dielde. Tegearre skreaunen se de searje "Van vlinders, bloemen en vogels" wêrfan't it earste diel yn 1894 ferskynde. Dêrnei rjochten se it tydskrift De Levende Natuur op, tegearre mei Jasper Jaspers jr.. De earste ôflevering ferskynde yn 1896.

Yn 1899 ferskynde de earste druk fan de Geïllustreerde flora van Nederland. By de earste druk wiene de skriuwers noch "Heimans en Thijsse", mar oan de folgjende printingen wurke ek H.W. Heinsius mei, sadat it wurk meastentiids oantsjut waard mei de namme "Heimans, Heinsius en Thijsse" (HH & T). Dy floara wie foaral ek ornearre foar begjinners. Oars as de âldere floara's hie dizze floara net inkeld tekst mar ek yllustraasjes, en boppedat waarden sa min mooglik drege termen brûkt. Heimans naam yn 1901 tegearre mei in tal oaren it inisjatyf ta de oprjochting fan de "Nederlandse Natuurhistorische Vereniging", letter de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging. Oant syn dea sette er him entûsjast foar dy feriening yn.

Titelside fan de earste druk fan de Geïllustreerde flora van Nederlând

Yn 1901 sollisitearre er foar in baan as learaar op in kweekskoalle, mar dy waard oan syn freon Jac. P. Thijsse jûn. Doe 't yn 1904 de gemeente Amsterdam fan doel wie om fan it Naardermeer in stoart te meitsjen, organisearren Heimans en Thijsse it ferset dêr tsjin. Uteinlik besleat de gemeenteried, mei op grûn fan de ferwachte kosten, dit plan net út te fieren. Heimans en Thijsse namen doe it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan in feriening dy't it gebiet oankeapje moast. De Feriening Natuermonuminten waard yn 1905 yn Artis oprjochte. Heimans waard lykwols net yn it bestjoer keazen - yn tsjinstelling ta Thijsse, dy't sekretaris waard. Sawol it misrinnen fan syn betrekking oan de kweekskoalle as it feit dat er net yn it bestjoer fan Natuurmonumenten kaam, wite er oan syn joadske komôf. De relaasje mei Thijsse bekuolle dêrtroch wat.

Yn 1911 ferskynde Heimans syn boekje Uit ons Krijtland. Dêryn beskreau er neist de libbene natuer fan Súd-Limboarch, ek de geologyske ferskynsels. Sa wiisde er op in plak dêr't grûnlagen út it Karboan oan de oerflakte komme. Dat plak soe letter de Heimansgroeve neamd wurde. Heimans skreau ek stikjes yn De Groene Amsterdammer. Ut dy stikjes die bliken dat er ek ynteresse hie yn psychology.

Yn 1913 publisearre Heimans it Geologieboekje. In A-B-C foar begjinnende amateurs, dat yn de jierren tritich de belangstelling fan gymnasiast Willem Frederik Hermans foar it mêd geande makke. As folwoeksene sei Hermans oer ûnder oare dit wurk noch: Prachtige boekjes, schitterende boekjes, ik was erdoor gegrepen. [1]

Priveelibben

Heimans ferstoar yn de simmer fan 1914 ynienen oan in hertferlamming by in geologyske ekskurzje yn de Eifel. Hy waard 53 jier.

Hy wie troud mei Betje Stibbe (1860-1960), dêr't er twa bern mei krige, Henriëtte en Jacob. Henriëtte Heimans (1892 -1975) promovearre op in psychografy fan steedhâlder Willem III, en wie learares op in middelbere skoalle. Jacob Heimans (1889-1978) waard heechlearaar yn de biology en naam in foaroansteand plak yn binnen de natuerbeskermingsbeweging. Hy is oant op hege jierren op 'e nij útjeften fan boeken fan syn heit fersoargjen bleaun. Oars as syn heit krige er wol in bestjoersfunksje by Natuurmonumenten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Coesèl, Marga: Zinkviooltjes en zoetwaterwieren, J. Heimans (1889-1978) Natuurstudie en natuurbescherming in Nederland. Hilversum 1993 ek ferskynd as proefskrift. ISBN 90-6550-364-1
  • Coesèl, Marga: Eli Heimans. Uit de schaduw van Jac. P. Thijsse. Muiderberg, 2014. ISBN 978-90-821800-0-8
  • Gorter, dr. H.P.: Ruimte voor natuur; 80 jaar bezig zijn voor de natuur van de toekomst. 's-Graveland 1986.
  • Windt, Henny van der: En dan: Wat is natuur nog in dit land? Natuurbe­scherming in Nederland 1880-1990 Amsterdam, Meppel 1995. (ek ferskynd as proefskrift, Grins 1995).

  1. Sitaat út Hans van Straten, Hermans. zijn tijd . zijn werk . zijn leven. Soesterberg: Utjouwerij Aspekt bv, 1999, s. 20 ISBN 907532362x