Eksoat

Ut Wikipedy
De Sineeske wolhânkrabbe is in eksoat dy't ek yn Fryske binnenwetters foarkomt.

In eksoat of in útlânske soarte is in plante- of bistesoarte dy't fan oarsprong net yn in beskaat gebiet foarkomt, mar dêr (ornaris) troch de minske yntrodusearre is, itsij mei sin of by ûngelok. Foarbylden fan eksoaten binne: de wylde knyn yn Austraalje, it everswyn yn Noard-Amearika en de muskesrôt en de Sineeske wolhânkrabbe yn Nederlân. Sokke soarten rjochtsje gauris swiere ekologyske skea oan, mei't se yn harren nije om-en-by faak gjin natuerlike fijannen hawwe (dy't har populaasjegroei yn 'e besnijing hâlde) of om't it plantelibben der net tsjin harren opwoeksen is.