Egbert Reitsma

Ut Wikipedy

Egbert Reitsma (Ulrum, 19 jannewaris 1892 - Glimmen, 19 juny 1976) wie in Nederlânsk arsjitekt, dy't foaral bekend is fan syn bakstienarsjitektuer.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reitsma waard grutbrocht yn in grifformeard nêst as soan fan timmerman Lammert Reitsma (1864-1941), dy't letter as arsjitekt-oannimmer belutsen wie by de bou fan de Grifformearde Tsjerke fan Ulrum. Egbert gie yn de fuotleasten fan syn heit en begûn in karriêre as timmerman-oannimmer. Letter folge er in oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins. Neitiid ferfear er nei Rotterdam foar in baan as arsjitekt op it buro fan arsjitekt Willem Kromhout. Dêr kaam er yn de kunde mei nije bouwstilen sa as Art Nouveau en dêr de tsjinstream fan, de Amsterdamske Skoalle.

Yn 1920 gie er werom nei Ulrum, wêrnei't er him oansleat by de grinzer keunstnersrûnte De Ploeg. Datselde jier ûntwurp er in hûs oan de Noorderstationstraat yn Grins. Hy makke fan de boppeferdjipping syn kantoar. Hy waard al rillegau bestjoerslid fan De Ploeg en it duorre net lang as syn kantoar waard troch de keunstners fan De Ploeg brûkt as atelier. Goede freon en skilder George Martens waard in fêste gast fan syn kantoar.

Reitsma syn ûntwerpen wie yn 't earstoan yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle. Wurk út dy tiid is: in went oan de Prinsessenweg in Grins (1923), de Grifformearde Tsjerke yn Kollum (1924), mei plafondskildering makke troch George Martens, in tsjerke yn Appingedam (1928), de Grifformearde Tsjerke yn Weesp en de Grifformearde Tsjerke fan Andyk (1929), ek wol de ienige gerifformearde katedraal fan Nederlân neamd. Mei it lêste ûntwerp sleat Reitsma syn ekspresjonistyske styl ôf en folgje syn ûntwerpen mear de styl fan Willem Dudok.

Reitsma syn wichtichste wurk komt út dizze peroade en dat is it gebou fan it Noarder Sanatorium yn Súdlaren (1935). Dat gebou wurdt tsjintwurdich brûkt as klinyk fan it bedriuw Pharma Bio-Research. Letter wurk fan Reitsma is noch it hjoeddeiske ABN-AMRO-gebou oan de Grutte Merk yn Grins (1955) en yn Glimmen stiet in stânbyld fan bakstien fan Don Quichot fan syn hân.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kees van der Ploeg, Teo Krijgsman: Egbert Reitsma. Meester in baksteen. Noordboek, Ljouwert, 2014. 160 s. ISBN 978 90 33 00 845 0

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]