Duët

Ut Wikipedy
It Duët, fan Hendrik ter Brugghen.

In duët is in muzikale komposysje of in muzykstik foar twa persoanen.

Histoaryske betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Renêssânse waard mei in duët spesifyk in muzykstik oantsjut dat bedoeld wie as oefening, en dat dêrta troch in learaar en in learling tegearre spile wurde koe.

Yn 'e klassike muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e klassike muzyk wurdt de term 'duët' benammen brûkt foar in komposysje foar twa sjongers of foar twa pianisten dy't tegearre op deselde piano spylje, wylst foar alle oare sitewaasjes (wêrûnder dus ek twa pianisten dy't op twa ferskillende piano's spylje) de oantsjutting duo brûkt wurdt.

Yn 'e popmuzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e popmuzyk wurdt de oantsjutting duët losser brûkt, bgl. foar twa sjongers dy't tegearre of ôfwikseljend in liet sjonge, of foar twa muzikanten dy't tagelyk of ôfwikseljend itselde soarte ynstrumint of ferskillende ynstruminten bespylje. Allinnich as twa muzikanten twa piano's bespylje, wurdt noch altyd sprutsen fan in pianoduo. Fierders kin de term 'duët' ek jilde foar in muzykstik dat troch twa persoanen útfierd wurde kin en yn bredere sin foar in net-muzikale aktiviteit dy't troch twa persoanen ferrjochte wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.