Domtsjerke fan Cefalù

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Cefalù

Duomo di Cefalù

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Sisylje
plak Cefalù
adres Piazza Duomo
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1131-1240
offisjele webside
Side katedraal

De Duomo di Cefalù (Domtsjerke fan Cefalù; ek Basilica Cattedrale della Trasfigurazione, Katedrale Basilyk fan de Ferhearliking fan de Hear) is de katedraal fan it katolike bisdom Cefalù op Sisylje, Itaalje. De tsjerke hat de status fan in basilyk en stiet oan it Piazza Duomo.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Apismozaïek Kristus Pantokrator

De bou fan de domtsjerke wie in inisjatyf fan Rogier II om neffens de oerlevering sa de Heare te tankjen foar it sparjen fan syn libben, nei't syn skip yn 1130 foar de noardlike kust fan Sisylje yn in swiere stoarm telâne kaam. It wie it doel dat er letter yn de domtsjerke byset wurde soe, mar hy waard letter byset yn de katedraal fan Palermo. Mei de bou waard yn 1131 útein set, al eine dy net bot en ferskate kearen waard de fierdere bou útsteld. Lang om let waard de gevel yn 1240 foltôge. It nei foarren springende diel fan de gevel datearret fan 1472 en is in wurk fan Ambrogio da Como.

Fanôf 1932 waard de katedraal yn de oarspronklike steat werom brocht. Dêrby waarden lettere tafoegings ferwidere. Tegearre mei de arabysk-normandyske monuminten fan Palermo en de katedraal fan Monreale waard de tsjerke yn 2015 tafoege oan it wrâlderfskip fan UNESCO.

Eksterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twillingstuorren hearden al ta de oarspronklike tsjerke. Se ferskille yn it boppediel troch de finsters en spitsen, mar fierder binne se wakker gelyk. De foar de gevel steande portikus waard yn 1471 yn de styl fan de Katalaanske lette goatyk boud. De roasfinsters yn de apsis waarden yn 1142 tichtmitsele om it oanbringen fa in grut mozaïek mooglik te meitsjen.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Alhoewol't de katedraal yn de massive en ienfâldige foarmen in romaansk bouwurk is, is fanôf de triomfbôge in begjin fan de ankommende goatyske moade te sjen. It dak fan it skip wie ea heger, itjinge oan de bûtenkant fan it skip te sjen is. It transept is heger as it skip en de sydskippen. In diel fan it gebou hat in tonferwulft, oare dielen hawwe in houten dak of in stiennen ribferwulft.

Ribferwulft

It ynterieur hat de foarm fan in latynsk krús en is ferdield yn in skip en twa sydskippen troch arkades fan antike pyldres: fjirtjin in rôze granyt en twa fan moarmer. De bases en kapitelen stamme út de 2e iuw. De twa kapitelen dy't de triomfbôge drage datearje wierskynlik út it midden fan de 12e iuw.

Nei alle gedachten soe de hiele tsjerke fersierd wurde mei mozaïeken, mar it waard allinne yn it gebiet fan it presbyterium útfierd. De apsis oant de helte fan de muorren binne dêr noch jimmeroan bedutsen mei 12e-iuwske mozaïeken. Rogier II liet keunsters út Byzantium helje, dy't de tradisjonele byzantynske dekorative keunst oanpasten oan in bouwurk fan Noard-Europeeske oarsprong. De mozaïeken waarden yn 1148 foltôge en wurde troch it grutte mozaïek fan Kristus Pantokrator behearske.

Fan de fresko's is in foarstelling fan Urbanus V op in pylder fan it lofter sydskip út de 14e iuw it neamen wurdich. Yn it lofter transept is ek in 15e-iuwske troanende Madonna bewarre bleaun.

Yn de basilyk binne meardere grêfmonuminten te sjen, wêrûnder in antike en in midsiuwske sarkofaach en it monumintale grêfmonumint fan biskop Castelli út de 18e iuw.

It 12e-iuwske doopvont is út ien blok stien fike en fersierd mei fjouwer liuwen. In beskildere houten krús is makke troch Guglielmo da Pesaro (1468).

It plafond fan it skip hat in skildere dekoraasje fan bisten en oare motiven. It is mooglik it wurk fan arabyske faklju.

Fanôf 1985 waard de katedraal fersierd mei nije glês-yn-lead ramen fan de keunstner Michele Canzoneri út Palermo. De 72 ramen byldzje foarstellings út fan it Alde- en Nije Testamint. De moderne en abstrakte styl fan de ramen koe net elkenien bekoarje.

Kleastergong

Kleastergong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de katedraal is in tagong nei de kleastergong. De spitbôgige arkades rêste hieltiten op twa smelle pylders. De kleastergong stie model foar oare kleastergongen op Sisylje, benammen dy fan Monreale.

Opgravings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opgravings yn de katedraal hawwe dielen fan in mozaïek út de 6e iuw bleatlein. Se stelle in drinkende do, dielen fan twa oare fûgels, twa beamkes en in leeljefoarmige blom yn in kader fan ogivale en rútmotiven foar. Mooglik stamt it mozaïek fan in âldere byzantynske basilyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Cefalù Cathedral