Domein (taksonomy)

Ut Wikipedy

In domein, bopperyk of ympearium is in taksonomyske rang dy't boppe dy fan ryk leit en dêrmei de alderheechste is yn 'e yndieling fan libbene organismen. Oarspronklik wie in ryk de heechste rang, mar geandewei de tweintichste iuw die bliken dat men mei de âlde yndieling yn in stik as wat riken net mear út 'e fuotten koe, om't guon riken nauwer mei-inoar besibbe blieken te wêzen as oaren. Tsjintwurdich wurdt dêrom útgien fan trije domeinen:

Dêrby wurde ûnder de eukaryoaten alle oare libbensfoarmen beflapt: de dieren (Animalia), de planten (Plantae), de skimmels (Fungi), de protisten (Protista) en ferskate lytsere groepkes. Tusken it nivo fan 'e domeinen en dat fan 'e riken yn wurdt de lêste tiid noch wer in ekstra nivo ynbrocht, dat fan 'e saneamde supergroepen; sa wurde de planten tsjintwurdich faak mei guon lytsere groepkes lykas de gromalveolaten (Chromalveolata), dêr't û.m. de measte algen ta hearre, ûnderbrocht yn 'e supergroep fan 'e oerplanten (Archaeplastida).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]