Doarpswei (Martensdyk)

Ut Wikipedy
Bûtenpleats Rustenhoven, earder Barometermuseum, ± 1995.

De Doarpswei (Dorpsweg) foarmet de haadferkearsier fan it eardere lintdoarp Martensdyk yn Utert.

Op in kaart út 1699 hiet de doarpswei noch “Martens Dyck”, nei Sint Maarten. Letter is dy namme op it doarp oergongen. Oant yn de earste helte fan de 20e iuw hat de namme doe Tsjerkestrjite west. Earst sûnt dy tiid is de namme Doarpswei.

Yn it jier 1405 is de basis foar de Doarpswei lein doe't dêr, by it oanmeitsjen fan it feangebiet Eastfean út it suden wei, in dyk oanlein waard, in saneamde dwersdyk of ûntginningsas. By de noardkant fan de dyk lâns is der ek in wjittering oanlein, dy't it wetter fan de Utertske Heuvelrich ôf, yn westlike rjochting ôffiert. Dy sleat leit der hieltyd noch; minsken moatte dan oer in brechje om by it hûs te kommen. Stadichoan binne der oan de súdkant fan de wei mear sydwegen en bebouwing komd.

De Doarpswei einiget yn it westen by de oansluting op de Tolikkerwei en giet yn it easten by de eardere gemeentegrins tusken Martensdyk en De Bilt oer yn de Martensdykskewei. Op 170 meter fan de Tolikkerwei krúst de Doarpswei it spoar fan Utert nei Hilfertsom en op sa’n 240 meter fan de Tolikkerwei ôf de A27.

Oan beide kanten fan de Doarpswei binne tusken de nije huzen noch in soad âlde pleatsen te finen. Beide úteinen wurde markearre troch in pear monumintale gebouwen: oan de westein it eardere gemeentehûs en de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, oan de eastkant Rustenhoven en Eyckenstein.