Deiblêd

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Deiblêden út ferskate lannen

In deiblêd is in klassyk massamedium en noch altiten ien fan de populêrste en meast ynfloedrike foarm fan nijsfoarsjenning, alhoewol't de oplage fan betelle deiblêden weromrint.[1]

Net alle kranten binne deiblêden, yn ús lân oer it algemien seis kear wyks (útsein snein). Yn in soad oare lannen binne ek sneinedysjes, tusken 2004 en 2010 ferskynden in skoftlang De Twentsche Courant Tubantia en De Telegraaf op snein.

Deiblêden wurde ferspraat oan beteljende abonnees of los ferkocht fia kiosken of oare ferkeappunten. Sûnt in oantal jierren binne der ek fergese deiblêden: de Metro, Sp!ts en De Pers ferskine fiif kear wyks en wurde ûnder oare klearlein foar, en soms sels aktyf útrikt oan forinzen. Dizze deiblêden binne foar harren ynkomsten hielendal ôfhinklik fan advertearders. Se rinne wol wat werom: der wie ek noch de DAG, en in sneonedysje fan De Pers, mar dy binne yn 2008 ophâlden.

De measte deiblêden hawwe in eigen kleur, in opiniearjende toansetting fan polityk, etysk en religieus gefoelige ûnderwerpen, wêrmei't elke krante in bepaald lêzerspublyk oansprekke wol. Dat jildt benammen foar de lanlike deiblêden. De regionale deiblêden binne yn harren ferspriedingsgebiet hast allegear monopolist. It oantal titels is as gefolch fan fúzjes hurd weromrûn.

De measte deiblêden meitsje hjoed de dei diel út fan grutte útjoukonserns, Yn Nederlân binne dit de Telegraaf Media Groep, de Persgroep en Wegener. De oerkoepeljende organisaasje fan deiblêden yn Nederlân is de feriening de Nederlandse Dagbladpers (NDP).

Deiblêden binne troch it jier sjoen net altyd like dik. Yn de komkommertiid, as der minder nijs foarhannen is, binne de kranten tinner.

Deiblêden op ynternet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan sommige papieren deiblêden is de folsleine ferzje ek op ynternet te lêzen, faak fergees foar abonnees fan de papieren krante, en/of foar oaren tsjin in legere abonnemintspriis as dy fan in abonnemint op de papieren krante.[2]

Fan in tal kranten, wêrûnder de Ljouwerter Krante binne op de webstee alle âlde jiergongen fergees yn te sjen. Op de side fan de Keninklike Bibleteek binne inkele desennia fan âlde jiergongen oant uterlik maaie 1945 fergees fia ynternet beskikber.[3]

Deiblêden yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân besteane der twa regionale deiblêden. De Ljouwerter Krante bestiet sûnt 1752 en is dêrmei de âldste ûnder deselde namme ferskinende krante fan Nederlân. De oare krante is it Frysk Deiblêd. Dizze krante hat in kristlike grûnslach en bestiet sûnt 1903. It is it lytste selsstannige regionale deiblêd fan Nederlân. Beide kranten binne yn de haadsaak Nederlânsktalich, mar Fryske sitaten wurde ek sa opskreaun.

Besibbe ûnderwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oantal stigers yn krantelân , NU.nl, 29 septimber 2009
  2. Sjoch bygelyks [1].
  3. Alde jierjongen