De Ynternasjonale

Ut Wikipedy

De Ynternasjonale is de striidsang fan it sosjalisme.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 1871, nei de fal fan de Kommune fan Parys, skreau Eugène Pottier yn Parys it gedicht L'Internationale, mei dêryn de sentiminten dy't ta it útroppen fan de Kommune let hienen. Hy moast koart dêrnei yn ballingskip en kaam earst yn 1886 werom nei Parys. Koart foar syn dea yn 1887, waard it gedicht útbrocht as part fan de bondel Chants révolutionnaires.

Yn 1888 woe Pierre Chretien de Geyter it gedicht troch syn koar sjonge litte. Foar de Kommune fan Parys wie de Marsellaise de striidsang, dat nei alle gedachten hie Pottier dy yn 'e holle doe't er syn wurden skreau. De Greyter skreau lykwols in oare meldij yn deselde styl. Yn de rin fan de tiid is it liet mei dizze meldij, mar dan meast wat steatliker sjongen, wurden ta de striidsang fan it sosjalisme, benammen fan it radikaal sosjalisme.

Teksten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske ferzjes[1][bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ynternasjonale (troch Trinus Riemersma)

2008

De Ynternasionale (troch Lieuwe Hornstra) De Ynternasjonale (troch Pyt Jon Sikkema)

1976

De Fryske Internationale (troch Douwe Kalma)
Oerein, ferflokten fan de ierde,

Oerein, úthong’re rap en rút.

It rike rosmos moat no bliede

Syn poeha is glüpend út.

Lit de takomst oer’t hjoeddelske blinke,

Sloof en slaaf, oerein, oerein!

d‘ Alde wráld dy moat fersinke,

‘n Nije tiid is ús tasein.


(Refrein:)

Bliuw op koerts, net öfdwale,

‘t Doel is klear, ‘t paad leit sljocht.

De Ynternasjonale

Docht elkmis lyk en rjocht.


De steat ferdrukt, de wet is leagen.

Rykdom skyt yn rykdoms pöt.

It rjocht leit bleat foar wyn en weagen

Fan it hearskjend wanbewäld.

Mar dat ‘s út, it sil oarsom beteare,

Rjocht krijt nimmen om ‘e nocht.

d‘ Potentaat moat omstean leare:

Wa’t syn plicht docht, dy hat rjocht.


Ferwachtsje neat fan pommeranten,

Fan kening, god of presidint.

Arbeiders – jimme! – set de spanten

Fan it nije firmamint.

d‘ Ierde gappet happend nei de siken,

Gryp de käns, oars krij jim spyt.

Weevje öf mei d‘ älde liken.

Smei it izer, it is hyt.

Oerein! Unmachtigen fan ierde,

Oerein! Wy binne't langer sêd,

En forset jim tsjin hwat oaren liede,

Mar kom har biwapene oer't mêd.

Dien binn' alle ûnderdrukkingtinzen,

Oerein nou, slaven fan't kaptael,

Wy woll' libje yn ús eigen grinzen

en brûke nou ús eigen tael.


(Refrein:)

Maten fan alle talen,

Yn de slach tsjin oerheit,

En foar d'Ynternasjonale

Yn solidariteit!


De steat fordrukt, de wet es leagen,

De rikerts brûke it regear.

Sa wurdt ûnrjoocht stees ta rjocht forhege,

Earmoed waekst noch jimmer mear.

Wy binne't sêd nei oarmans wil to libjen,

Maten sjoch hoe't de striid oeral baernt.

Foar in takomst sill' wy nou stribje

Dy't de minske noch net aent.


Foar oarloch litt' wy ús net brûke,

Wy hawwe sels in oar bilang,

Wy kinn' sels ús eigen wein wol lûke

En de hearskers meitsje ús net bang.

Wy kinn' sels bitinke en kedize,

Wy ha't waskjen fan ús brein wol troch.

Wy sill' sels ús eigen maetskip kieze:

Fan de âlde hawwe wy ús nocht.

Kom op, ferskopten dy't wy binne

dy't wrotte op 't lan of yn 't fabryk.

Wy, dy't allinne neat bigjinne,

meitsje meiinoar de rekken lyk.

Fierstemin noch hawwe wy te sizzen,

en at wy 't al ha, yn oarminsk' tael.

Ferdom it langer krûm te lizzen

foar dat ferrekte kapitaal!


(Refrein:)

Al fernimt men 't mar kwalik,

Hjoed of moarn is 't sa fier

Dat troch d'Ynternasjonale

Wy minsk wêze kinn' hjir op ierd.

Al fernimt men 't mar kwalik,

Hjoed of moarn is 't sa fier.

Dat troch d'ynternasjonale

Wy minske binn' op ierd.

Wëz wach, jim dy't yet dildzje en slomje!

Wëz ien, dy't langje nel it ljocht!

Lit ta broerskip jim it hert forromje

Yn de gläns, fen de striid ús brocht.

Lit it nije libben ús trochstreame,

Wel hwat ús oan nacht yet bynt:

Al klearder priel't de tiId'ne seame

Om't djip yn ús de dage skynt


(Refrein:)

Maten, moed en bisieling,

Yn de striid sterk en ien,

De dei riist fen dy strieling,

Oer alle folken gien! (bis)


Nij witten ljochte for ús herten,

Wy brekke minsk'ne skiedings wel,

Ut 'e tsjustre steapel fen de smerten

Wekke ús wil ta it ljocht de Dei.

Neat scil ús as frjemden mear fordiele,

Hwent de striid hat ta ien ús wijd:

Hwa't dër de swide krëft fen fiele

Bin ienris en forgoed bifrijd,


De minskheit ropt ús om to striden

For 't heechste langjen fen hjar hert:

En it Ryk dal ljochtet oer ús tiden

Bouwe wy nei hjar iiv'ge wet.

Lit de driuw fen ljeafde den ús liede,

En as broerren bistean wysels,

En stiftsje yn striid en krêft fen dieden

De mienskip, ien en lyk for elts!

Frânsk orizjineel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

L'internationale
Debout, les damnés de la terre

Debout, les forçats de la faim La raison tonne en son cratère C'est l'éruption de la fin Du passé faisons table rase Foule esclave, debout, debout Le monde va changer de base Nous ne sommes rien, soyons tout (Refrein:)C'est la lutte finale Groupons-nous, et demain L'Internationale Sera le genre humain. Il n'est pas de sauveurs suprêmes Ni Dieu, ni César, ni tribun Producteurs, sauvons-nous nous-mêmes Décrétons le salut commun Pour que le voleur rende gorge Pour tirer l'esprit du cachot Soufflons nous-mêmes notre forge Battons le fer quand il est chaud.

Refrein L'État comprime et la loi triche L'impôt saigne le malheureux Nul devoir ne s'impose au riche Le droit du pauvre est un mot creux C'est assez, languir en tutelle L'égalité veut d'autres lois Pas de droits sans devoirs dit-elle Égaux, pas de devoirs sans droits. RefreinHideux dans leur apothéose Les rois de la mine et du rail Ont-ils jamais fait autre chose Que dévaliser le travail ? Dans les coffres-forts de la bande Ce qu'il a créé s'est fondu En décrétant qu'on le lui rende Le peuple ne veut que son dû. RefreinLes rois nous saoulaient de fumées Paix entre nous, guerre aux tyrans Appliquons la grève aux armées Crosse en l'air, et rompons les rangs S'ils s'obstinent, ces cannibales À faire de nous des héros Ils sauront bientôt que nos balles Sont pour nos propres généraux. RefreinOuvriers, paysans, nous sommes Le grand parti des travailleurs La terre n'appartient qu'aux hommes L'oisif ira loger ailleurs Combien de nos chairs se repaissent Mais si les corbeaux, les vautours Un de ces matins disparaissent Le soleil brillera toujours. Refrein

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: