Davos

Ut Wikipedy
Davos
Flagge Wapen
Polityk
Lân Switserlân
Kanton Graubünden
Distrikt Prättigau/Davos
Sifers
Ynwennertal 11.211 (2013)
Oerflak 283,99 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 39 / km²
Hichte 1560 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.gemeindedavos.ch

Davos is in gemeente yn East-Switserlân, yn it kanton Graubünden. Davos bestiet út de dielgemeenten Davos-Platz, Davos-Dorf, Frauenkirch, Wolfgang, Glaris, Laret, Monstein en Wiesen; it is de twadde gemeente neffens grutte fan it lân. It heechste punt yn de gemeente Davos is de Flüela Schwarzhorn mei in hichte fan 3146 meter boppe seenivo.
Davos is vooral bekend als wintersport-plak en skygebiet, mar ek de jierlikse gearkomst fan it World Economic Forum is yn Davos.

Earder Nederlandsch Sanatorium Davos

It doarp Davos wurdt foar it earst yn geskriften neamd yn 1213 as Tavaus. Davos is sûnt mids 19e iuw ek bekend as kueroarde. Om 1900 waard it Nederlânsk Sanatoarium stichte foar tuberkuloazepasjinten. Letter waarden dêr ek hieltyd mear astmapasjinten behannele. Yn 1971 waard de namme feroare yn Nederlânsk Astmasintrum Davos (NAD), dat op 1 jannewaris 2005 it âlde sanatoariumgebou oan de Symondsstrasse yn Davos-Platz ferlitten hat om romte te hieren en tsjinste yn te keapjen by de Wolfgangklinyk. It NAD hie dêr selsstannige ôfdielings en de pasjinten waarden behannele troch Nederlânsk personiel. De algemiene fasiliteiten waarden dield mei de Dútske pasjinten dy't dêr ek wiene. Sûnt desimber 2014 húsmannet it NAD yn nijbou oan de Switserske refalidaasjeklinyk 'Zürcher Höhenklinik Davos Clavadel'. De nije lokaasje leit op 1700 meter hichte wat it foardiel hat dat der gjin allergenen yn de natuer foarkomme.

Davos hat in bekende iepenloft iisbaan, dy't foar de komst fan oerdekte iisbanen ien fan de fluchste banen yn de wrâld wie. By de iisbaan leit ek in iishokkyhal, de Vaillant Arena, dêr't de HC Davos alle jierren it ynternasjonaal toernoai om de Spengler Cup organisearret.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirchner Museum Davos

It yn 1992 iepene Kirchner Museum Davos oan de Ernst Ludwig Kirchner Platz hat in mânske samling wurk fan de Dútske ekspresjonist Ernst Ludwig Kirchner.

De Parsennbahn op de Weissfluhjoch wie de twadde Sportbaan yn Switserlân.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Davos[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Davos[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) The Chronicles of Sir Arthur Conan Doyle (Skiing at Davos)