David Livingstone

Ut Wikipedy
David Livingstone

David Livingstone ((Blantyre ûnder Glasgow, 19 maart 1813 - Chitambo oan de Bangweulumar, 1 maaie 1873), wie in Britske sindeling en ûntdekkingsreizger, dy't tusken 1849 en 1855 û.o. de Fiktoriawetterfallen ûntduts. Yn 1866 gie er op syk nei de boarnen fan de Nyl. Doe't yn Jeropa lange jierren neat mear fan him heard waard, waarden inkele ekspedysjes foar help nei him útstjoerd wêrfan de bekendste is fan Stanley. Stanley spoarde him op oan de Tanganyika Mar, mar Livingstone wegere mei him mei te gean.