Cees Schrama

Ut Wikipedy
Cees Schrama

Cornelius Martin (Cees) Schrama (Den Haach, 18 desimber 1936Baarn, 22 maaie 2019) wie in Nederlânsk (jazz)muzikant en produsint.[1] Schrama wie ek jierrenlang presintator fan it jazzradioprogramma Sesjun foar de TROS op Hilversum 3 en Radio 3.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schrama waard berne yn in muzikale famylje: heit spile saksofoan en mem wie pianiste. Hysels spile ynearsten akkordeon en letter gitaar, dêrnei waarden foaral de piano en it oargel syn ynstruminten. Nei de HBS sette er rillegau útein mei optreden as pianist, lykas yn 1957 mei it Ted Easton Combo ûnder lieding fan Theo van Est foar Amerikaanske militêren yn Europa.

Fan 1966 oant 1970 spile er mei op platen fan Golden Earring (doe noch The Golden Earrings) en yn 1970 brocht er ûnder de namme Casey and the Pressure Group it album Powerhouse út. Ut dy tiid datearret ek syn útfiering fan de jazzstandert Comin' home baby, yn 'e mande mei leden fan de Golden Earring. It nûmer Soultango waard in beskieden hit. Yn 1972 kaam er yn tsjinst fan platemaatskippij Polydor en it jier dêrop waard er presintator fan it radioprogramma Sesjun. Teffens spile er op tal fan platen mei as studiomuzikant en produsearre er noch grammofoanplaten.

Fan begjin jierren njoggentich ôf oan soe Schrama net folle mear produsearje en wie er ek hieltyd minder yn de studio te finen. Yn 1993, 1994 en yn 1995 produsearre er noch platen fan it Rosenberg Trio. Yn 2009 waard de Paul Acket Award him takend.

De lêste jierren presintearre Schrama it programma Jazz rond Zes op Baarn FM, de lokale omrop fan Baarn.

Schrama wie oanhelle mei sûkersykte. Hy stoar yn de âldens fan 82 jier.[2]

It don't mean a thing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it boek It don't mean a thing: Leven met jazz (maaie 2007) sammele Schrama oantinkens en anekdoates, opskreaun troch Lodewijk Bouwens.[3] Fan dat boek ferskynde ier yn 2013 ek in digitale ferzje, oanfold mei foto- en fideomateriaal en in ferhaal deropta, oer syn ôfskied as presintator fan it North Sea Jazz Festival.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: