Bûns

Ut Wikipedy

Bûns is in ferdwûne terpdelsetting yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân, besuden (en yn 'e himrik fan) Ysbrechtum, op it plak dêr't no it Snitser yndustryterrein De Himmen leit.

De namme komt ek foar as Boensera hem, Boens, Bons en Bonze. De lannen fan Bûns foarmen in ôfsûnderlik territoarium, de Bûnzerhim, dy't trochsnien waarden troch de Bûnzerdyk. De buorskip lei yn de himrik fan it doarp Ysbrechtum. Bûns waard mei de Himdyk ferbûn troch de Bûnzerleane.

De namme Bûns komt fan de efternamme fan de bewenners: Bonne. Letter binne hjir de nammen Bottinga en Bonninga fan ôflaat. De lêste beide geslachten wennen ek yn Bûns.

De buorskip bestie al yn de 9e iuw en lei op in terp. It doarp hie gjin tsjerke, mar wol in eigen hôf mei fjouwer grêven. Yn de buorskip stie stinswier Bûnzerwier en in tal pleatsen. De buorskip skonk yn de 10e iuw guod oan it Dútske kleaster Fulda. Yn de geskriften fan it kleaster wurdt Bûns lykwols as Bottinge oantsjut. It plakje komt yn 1447 yn it nijs nei in wapene konflikt tusken Bocka Harinxma en Hessel op deen Heemdyck. Hjirby foelen deaden en ferwûnen. Harinxma naam de stins fan Hessel yn en hâlde dêrby inkele oaren finzen.

It plakje wie oant yn de fyftjinde iuw bewenne.

Om 1990 is archeologysk ûndersyk dien op it plak fan Bûns. Dêrnei is de hichte dêr't Bûns op lei sljochte foar de oanlis fan Yndustryterrein De Himmen. Fan it doarp is no neat mear te sjen, útsein in depresje yn de ûndergrûn. Allinnich fan de Bûnzerleane is noch in stikje oer. It oarepart is ferdwûn ûnder de nijbou fan de Zadelmakerstrjitte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: