Bundesautobahn 280

Ut Wikipedy
Bundesautobahn 280
Langte: 5 km
Kaart
De A280

De Bundesautobahn 280 (BAB 280) is in 5 km lange autodyk yn it noardwesten fan Dútslân. De dyk rint fan de Nederlânske grins by Bad Nijeskâns, dêr't er as de A7 fierder giet, nei de Dreieck Bunde dêr't er mei de A31 ferbynt, mei ferbining mei Emden en Oberhausen. De A280 is part fan de E22.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfritten hawwe gjin nûmers.

De A280 wie oarspronklik in part fan de A28. It stik fan de A31 tusken Dreieck Bunde en Dreieck Leer wie in "dûbeldyk" A23/A31. Mei it ynfieren fan ôfritnûmers yn de 1990-er jierren waard de dûbelnûmering ôfskaft en it stikje A28 fan de Dreieck Bunde nei de nederlânske grins waard A280.

Yn eastlike rydrjochting rint de Rykswei 7 nei syn lêste ôfrit Bad Nijeskâns lyk by de grins del. It Nederlânske grûngebiet grinzget op dat stikje oan de súdrâne fan de dyk, oant de ôfrit nei fersoargingsplak Bunderneuland, dat op Dútsk grûngebiet leit en dêrt dus de grinsoergong is. It fersoargingsplak wie it eardere plak fan de dûane. Nijsgjirrich is dat it benzinestasjon op it fersoargingsplak de Dútske prizen hat, wylst de tarit dêrfan noch op Nederlânsk grûngebiet leit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]