Brúnrot (ierdappelsykte)

Ut Wikipedy

Brúnrot is in sykte by ierdappels dy’t fersoarsake wurdt troch Ralstonia solanacearum baktearje. Yn Nederlân is brúnrot in karantênesykte. Dat betsjut dat it bestriden wurde moat om fierdere fêstiging of útwreiding foar te kommen. Ien fan de maatregels dêrta is de jierlikse bemeunstering troch de Plantesyktekundige Tsjinst yn Wageningen fan alle partijen poaters.

Resistinsje tsjin dizze sykte is der net. Fytosanitêre maatregels binne de iennichste wize om de sykte foar te kommen of yn te damjen. Dêrûnder falle it brûken fan ‘skjin’ setguod en in rejale fruchtwiksel. Sûnt 2005 meie bouboeren yn Nederlân ierdappelplanten net mear bereine mei oerflaktewetter omdat de baktearje dêr yn sitte kin.

Symptomen: ferwyljen (De Ingelske namme is Bacterial Wilt). As in farsk ôfsniene ferwylge stâle yn in glês wetter holden wurdt, dan sakket it molkwite waas stadich út de stâle nei ûnderen. As in besmette knol trochsnien wurdt dan ûntsteane lytse wite dripkes yn de rint fan it ierweefsel fan de knol. As dat waarnommen wurdt, dan is it oan te rieden kontakt op te nimmen mei de Plantesyktekundige Tsjinst yn Wageningen.

Eksterne link[bewurkje seksje | boarne bewurkje]