Bruce Springsteen

Ut Wikipedy
Bruce Springsteen
sjonger en/of muzikant
Springsteen op it Roskildefestival 2012
Springsteen op it Roskildefestival 2012
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bruce Frederick Joseph Springsteen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 septimber 1949
berteplak Long Branch
wurkpaad
sjenre Rock
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Blinded by the Light,
Born to Run,
Born in the USA,
The River,
I'm on Fire,
Streets of Philadelphia,
Glory Days,
My Hometown
jierren aktyf 1964-no

Bruce Frederick Joseph Springsteen (Long Branch (New Jersey), 23 septimber 1949) is in Amerikaanske rocksjonger, gitarist en ferskeskriuwer. Syn bynamme is The Boss. De muzykprodusint, kritikus en manager Jon Landau sei yn 1974 oer him: 'I’ve seen Rock and Roll ‘s future and its name is Bruce Springsteen'.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de jierren 60 ôf spile Springsteen yn meardere bands, wêrûnder The Castiles en Steel Mill . Yn 1972 waard de sjonger ûntdutsen troch John Hammond, dy't earder ek Bob Dylan ûntduts. Springsteen tekene yn dat jier in kontrakt by Hammond syn wurkjouwer  Columbia Records.

Syn earste albums “Greetings From Ashbury Park, NJ” en  “The Wild, the Innocent & the E Street Shuffle”  (beide fan 1973) waarden yn it begjin net in soad ferkoft.Hy wie eins bekinder as skriuwer fan lieten foar oaren. Sa hie Manfred Mann’s Earth Band sukses mei “Blinded by the light” en “Spirits in the night" en the Hollies mei “4th of July, Ashbury Park (Sandy)”.

Springsteen bruts yn 1975 troch mei syn tredde album "Born to Run". Syn begeliedingsband the E Street Band bestie doe út Clarence Clemons op saksofoan, Steve van Zandt op gitaar, Danny Federicy op oargel, Roy Bittan op piano, Garry Tallent op basgitaar en Max Weinberger op drums.  Hoewol’t der sa no en dan wol wat feroarje soe yn de geartstalling fan dizze band, der ek guon leden ferstoaren en Springsteen ek in tal solo-albums makke hat, is de kearn fan de E Street Band net feroare.

Ek syn fjirde album “Darkness on the Edge of Town,” dat yn 1978 ferskynde, waard in grut sukses. Dat wie noch mear it gefal mei “The River”, in dûbelalbum. Fan dit album kamen de hits “Hungry Heart” en “The River” dat yn de Top 2000 fan 2016 op in fjirtjinde plak stie. Nei dat album hienen de fans ferwachte dat er op deselde foet trochgean soe, mar hy kaam mei it ienfâldige en wat tsjustere “Nebraska”.

Yn 1984 kaam it album “Born in the USA” út, mei in tournee dy ‘t twa jier duorje soe. Sân lieten fan dit album waarden in hit. De titelsong wie in kritysk lied oer de Vietnamoarloch en de ekonomyske krisis, mar in soad Amerikanen (wêrunder presidint Ronald Reagen) seagen it as in pattriotysk lied. Dat Bruce Springsteen ek in hiele goede útfierder wie op it poadium, die bliken op it album “Bruce Springsteen & the E Street Band Live 1975-1985. “

Nei dat live album ferskynde wer in rêstiger en yntrofert album “Tunnel of Love” Yn 1989 naam er ôfskie fan de E Street Band. Yn 1992 ferskynden tagelyk de albums “Human Touch” en “Lucky Town”. Sommige kritisy fregen harren ôf oft it net better west hie en bring ien album út mei de bêste lieten fan beide. Yn it selde jier naam er in “unplugged” sessy op, dy’t foar it grutste part “plugged” wie. Ek brocht er it liet “Streets of Phiadelphia” út, foar de “soundtrack” fan de film Philadelphia. Dêrfoar krige er in Oscar foar it bêste liet en in Grammy Award.

Yn 1995 brocht er in “Greatest Hits”album út mei dêrop ek fjouwer nije lieten dy ‘t er spile mei de E Street Band. It folgjende album “The Ghost of Tom Joad” wie wer hiel kalm en yntrofert. Dat fierde er út tidens in solo tournee yn lytse téaters.Yn 1999 kaam de E Street Band op’e nij byelkoar nei it ferskinen fan “Tracks,” fjouwer cd’s mei lieten dy ‘t noch net earder útbrocht wienen. Dêrnei waard “Live in New York City”, útbrocht.

Nei de oanslaggen op de Twin Towers naam er it album “The Rising” op, mei ûnder oaren “Empty sky”en “My City  of Ruins.” Yn 2005 brocht er it solo album “Devils & Dust” út, in soad minsken seagen de titelsong  as it bêste liet oer de ynfaasje yn Yrak. Yn 2006 kaam er mei “We Shall Overcome: The Seeger Sessions” mei lieten fan de Amerikaanske folksjonger Pete Seeger.

Dêrnei folge it album “Magic” (2007) dêr’t er yn 2009 in Award krige foar “Girls in their Summer Clothes”. Yn de hjerst fan 2008 sette Bruce Springsteen him bot yn foar  de ferkiezing fan Barack Obama. Hy naam ek diel oan in iepenloft konsert foar de ynauguraasje fan Obama, dêr ‘t rom 400.000 minsken wienen. Yn 2009 naam er “Working on a dream” op,  mei under oaren it liet “The Last Carnival” foar Danny Federici, de oargelspiler fan de E Street Band, dy ‘t ferstoar oan hûdkanker.

Yn 2011 kaam er mei in album mei opnames dy't makke wienen foar "Darkness on the Edge of Town" mar dy net earder útbrocht wienen "The Promise-the Lost Sessions: Darkness on the Edge of Town". Yn 2012 naam er it album “Wrecking Ball” op, it earste album sûnder “The Big Man”, saksofoanspiler Clarence Clemmons dy't stoarn wie. Yn 2014 kaam er mei “High Hopes” dêr ‘t neist de E Street Band ek de gitarist Tom Morello fan de band Rage Against the Machine op mei spilet.

Nei “High Hopes” hat er de albums “The Ties that Bind – The River Collection” (2015) en “Chaptes en Verse”(2016) útbrocht mei diels oare fersjes fan al earde útbrochte lieten. 

Dat er  in goede life “performer”is, docht ek bliken út it feit dat lêzers fan it Hollânske musykblêd “Lust For Life” him keazen hawwe as de bêste “live-act” fan alle tiden.

Bruce Springsteen wennet mei syn (twadde) frou Patti Scialfa en bern yn Rumson. Hy wie earder fan 1985 oant 1989 troud mei aktrise Julianne Phillips. Hy hat twa soannen en in dochter.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Greetings from Asbury Park, N.J. 5 jannewaris 1973 Columbia Blinded by the Light,
Spirit in the Night
The Wild, the Innocent & the E Street Shuffle 11 novimber 1973 4th of July, Asbury Park (Sandy),
Rosalita (Come Out Tonight)
Born to Run 25 augustus 1975 Born to Run,
Tenth Avenue Freeze-Out
Darkness on the Edge of Town 2 juny 1978 Prove It All Night,
Badlands,
The Promised Land
The River 17 oktober 1980 Hungry Heart,
Fade Away,
I Wanna Marry You,
Sherry Darling,
The River,
Cadillac Ranch,
Point Blank
Nebraska 30 novimber 1982 Atlantic City,
Open All Night
Born in the U.S.A. 4 juny 1984 Dancing in the Dark,
Cover Me,
Born in the U.S.A.,
I'm on Fire,
Glory Days,
I'm Goin' Down,
My Hometown
Tunnel of Love 9 oktober 1987 Brilliant Disguise,
Tunnel of Love,
Tougher Than the Rest,
Spare Parts
Human Touch 31 maart 1992 Human Touch,
57 Channels (And Nothin' On),
Roll of the Dice
Lucky Town Better Days,
Leap of Faith,
If I Should Fall Behind,
Lucky Town
The Ghost of Tom Joad 21 novimber 1995 The Ghost of Tom Joad
The Rising 30 july 2002 The Rising,
Lonesome Day,
Waitin' on a Sunny Day
Devils & Dust 26 april 2005 Devils & Dust,
All the Way Home
Magic 25 septimber 2007 Radio Nowhere,
Girls in Their Summer Clothes
Working on a Dream 27 jannewaris 2009 Working on a Dream,
My Lucky Day,
The Wrestler,
What Love Can Do
Wrecking Ball 6 maart 2012 We Take Care of Our Own,
Rocky Ground,
Death to My Hometown
High Hopes 14 jannewaris 2014 High Hopes
Western Stars 14 juny 2019 Hello Sunshine,
There Goes My Miracle,
Tucson Train,
Western Stars
Letter to You 23 oktober 2020 Letter to You,
Ghosts,
The Power of Prayer,
I'll See You in My Dreams
Only the Strong Survive 2022

Cover-album[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
We Shall Overcome:
The Seeger Sessions
25 april 2006 Columbia

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Live/1975–85 10 novimber 1986 Columbia
In Concert/MTV Plugged 12 april 1993
Live in New York City 3 april 2001
Hammersmith Odeon London '75 28 febrewaris 2006
Live in Dublin 5 juny 2007
Springsteen on Broadway 14 desimber 2018
The Legendary 1979 No Nukes Concerts 19 novimber 2021

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Greatest Hits 28 febrewaris 1995
Tracks 10 novimber 1998
18 Tracks 13 april 1999
The Essential Bruce Springsteen 11 novimber 2003
Greatest Hits 1 juny 2009
The Promise 16 novimber 2010
Collection: 1973–2012 15 april 2013
Chapter and Verse 23 septimber 2016