Britte Lagcher

Ut Wikipedy
Britte Lagcher
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Britte Lagcher
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 juny 1989
berteplak Hilfertsom (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
www.brittelagcher.nl

Britte Lagcher (Hilfertsom, 5 juny 1989) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lagcher waard yn 1989 berne yn Hilfertsom. Hja studearre yn 2012 ôf oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy. Sûnt hie se gastrollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder Van God Los, Centraal Medisch Centrum en Flikken Rotterdam. Ek wie se te sjen yn minysearjes as Van Gogh: Een Huis voor Vincent, Ramses en Rampvlucht.

Yn 2015 hie se Lagcher wichtige byrol yn it trêde seizoen fan 'e dramarige Overspel. Yn 2016 hie se in fêste rol yn 'e searje Lost in the Game. Yn 2017 spile se yn 'e Videoland-searje Suspects, dy't hielendal sûnder senario opnommen waard. Fan 2017 oant 2020 hie Lagcher in weromkearende rol as Xanna Vermeulen yn 'e searje Meisje van Plezier. Yn 2021 wie se ien fan 'e dielnimmers oant 'e edysje fan dat jier fan it realitytillefyzjeprogramma Expeditie Robinson.

Behalven op 'e tillefyzje wurket Lagcher ek geregeldwei mei oan films. Sa hie se yn 2016 in lytse roltsje as wurdfierster fan 'e Amsterdamske plysje yn 'e horrorfilm Prooi, en yn 2018 hie se in byrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske Fryske kening Redbad. Fierders is Lagcher ek te sjen yn toanielfoarstellings. Sa spile se ûnder har stúdzje by it toanielselskip Orkater. Sûnt 2013 is se ferbûn oan it Toneelschap Beumer & Drost.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2013 Van Gogh: Een Huis voor Vincent Lies van Gogh minysearje
2013 Lieve Céline winkelbetsjinde #2 tillefyzjefilm
2013 Van God Los Maja Blom gastrol; ôfl. Para
2014 Ramses ferpleechster Lisa minysearje
2015 De Lange Nasleep van een Korte Mededeling   gast tillefyzjefilm
2015 Overspel Wendy Liekerk weromkearende rol; 8 ôfl.
2016 Land van Lubbers Erica minysearje
2016 Centraal Medisch Centrum Amber Veldman gastrol; ôfl. s1e4
2016 Lost in the Game Evi fêste rol; 50 ôfl.
2017 Verliebt in Amsterdam Jenny tillefyzjefilm
2017–2018 Suspects Liv Scholten fêste rol; 13 ôfl.
2017–2020 Meisje van Plezier Xanna Vermeulen weromkearende rol; 26 ôfl.
2020 Van der Valk moadestudinte gastrol; ôfl. Death in Amsterdam
2020 Niks te Melden Operation Flat White as stimaktrise; weromkearende rol; 5 ôfl.
2021 Flikken Rotterdam frou De Bie gastrol; ôfl. Verkeerd Bezorgd
2021 Expeditie Robinson harsels dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2022 Ten Minste Houdbaar tot Monique gastrol; ôfl. Op Blote Voeten
2022 Rampvlucht Nina minysearje
2022 Eerlijk Gestolen ûnbekend tillefyzjefilm
films
2014 Vier Meter Ariël koarte film
2015 De Boskampi's sekretaresse
2016 Vandaag is van Ons famke koarte film
2016 Toen Mijn Vader een Struik Werd leararesse
2016 Riphagen Greetje
2016 Prooi wurdfierster plysje Amsterdam  
2016 Giraffe Elsa koarte film
2017 Voor Elkaar Gemaakt Julia
2017 Gek van Geluk resjersjeur Hannie
2018 Redbad Sinde
2018 All You Need is Love Amber
2020 Hollandse Nieuwe Cécile koarte film
2020 Sea Shadow mem koarte film
2022 El Houb Eline

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: