Britske Ryk

Ut Wikipedy
It Britske Ryk yn 1921

It Britske Ryk wie in wrâldmacht dy't gebieten oer de gânse wrâld ûnder Britsk regear hie. It ryk wie it grutste ryk yn de skiednis. Op har hichtepunt, yn it begjin fan de 20e iuw stie 25% fan de wrâld ûnder Britsk regear, dêr't 500 miljoen minsken ûnder foelen.

It Britske Ryk waard gearfoege yn 300 jier útwreiding troch hannel, kolonisaasje en anneksaasje. It Ryk omfieme gebieten op alle kontininten en yn alle oseanen. It berikte har hichtepunt tusken 1890 en 1910 wat macht oanbelanget, en om 1921 mei in oerflakte fan hast 37 miljoen km², sawat in fearn fan de wrâld.

Ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Twadde Wrâldkriich wie it Britske ryk net taret op de opkommende anty-koloniale nasjonalistyske bewegingen yn de koloanjes. As earst easke Yndia om ûnôfhinklikheid, dat al gau oernomd waard troch oare koloanjes yn Aazje en Afrika. Nei wat rampsalige besikings om de koloanjes te behâlden waard besletten om it Britske Ryk om te foarmjen ta it hjoeddeiske Britske Steatebûn.