Brandaris

Ut Wikipedy
De Brandaris
De brandaris fan fierôf

De Brandaris is in fjoertoer op Skylge, de âldste fjoertoer fan Nederlân. De namme is ôflaat fan Sint Brandarius, in hillige wêrnei't it hjoeddeiske doarp West-Skylge yn de Midsiuwen nei neamd wie. Guon miene dat de namme ôflaat is fan Sint-Brandaan, in seefarrende hillige, mar dat is nea bewiisd. De earste Brandaristoer waard yn 1323 boud, om foar skippen, op wei nei Amsterdam, oer de Sudersee, de neare iepening tusken Flylân en Skylge oan te jaan. In goede markearring wie needsaaklik omdat de waadeilannen in soad op inoar lykje fan de Noardsee ôf besjoen.

De see friet lykwols oan Skylge en de earste Brandaris stoarte om 1570 hinne yn see. It hat oant 1592 duorre eardat men oan in konstruksje fan in twadde toer begûn, mar dizze stoarte yn foardat hy klear wie, omdat der minne boumaterialen brûkt wiene. De hjoeddeiske toer is fan 1594. Op âlde printen hat de toer noch in piramidefoarmige punt. Yn 1666, yn de Twadde Ingelske Oarloch, is de toer sparre bleaun doe't Ingelske soldaten oan lân kamen en de huzen fan West-Skylge platbaarnden. Ek it gemeentehûs en de herfoarme tsjerke bleaune besparre. Yn in perioade fan de 18e iuw wie de Brandaris gjin ljochtbeaken. Doe waard in fjoerboet brûkt, in platfoarm op in heech dún dêr't in koalefjoer op stookt waard. Yn 1837 waard de Brandaris de earste Nederlânske fjoertoer mei in draaiende Fresnellins. Elektrifikaasje folge yn 1907. Yn 1994 waard it 400-jierrich bestean fan de toer fierd. It ljocht is no folslein automatysk.

De Brandaris hat spesjale fûgelferljochting om foar te kommen dat fûgels tsjin de toer fleane. Sa wurdt de hiele toer ferljochte en binne der stekken foar it ljocht set.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Technyske bysûnderheden: Ljochtfrekwinsje: 0,3 sek. ljocht, 4,7 sek. tsjuster.

De Brandaris fan ûnderôf
Boujier 1593-1594
Toerhichte 54 meter
Ljochthichte 55,5 meter
Berik ljocht 35 kilometer
Materiaal giele stien
Monumint ja, sûnt 1965
Radar ja, sûnt 1979
Bemand 24 oere deis