Borough

Ut Wikipedy

In borough (útspr. ['bɔɹə], "borre", of ['bɔɹo:], "borroo") is in foarm fan bestjoerlike yndieling yn ferskate Ingelsktalige lannen. De term komt fan it Oergermaanske *burg, dat "fêsting" betsjut. Yn oare Germaanske talen komt men ôfstammelingen fan dat wurd tsjin as "boarch" (Frysk), burcht (Nederlânsk), burgh (Skotsk), Burg (Dútsk), buerg (Lúksemboarchsk) en borg (de Skandinavyske talen). Yn it Ingelsk bestiet fierders ek de ferkoarte foarm brough (bgl. yn 'e plaknamme Broughton).

Yn 'e Iere Midsiuwen stifte kening Alfred de Grutte yn Ingelân tal fan burhs, fersterke plakken, om 'e ynfallen fan 'e Wytsingen tsjin te gean. Yn 'e lettere Midsiuwen kamen dêrút de boroughs fuort, Ingelske delsettings dy't selsbestjoerend wiene (dus net ûnder it bewâld fan in ealman foelen), en dy't dêrom fertsjintwurdigers nei it Ingelske parlemint stjoere mochten. Tsjintwurdich kinne boroughs yn Ingelsktalige lannen faak (mar net altyd) lykslein wurde mei Nederlânske dielgemeenten (bgl. de boroughs fan New York-Stêd, Londen en Montreal). Sokke boroughs hawwe mar beheinde bestjoerlike macht, dy't ôfstien is troch de gemeente dêr't se ta hearre. Yn Alaska, lykwols is borough de beneaming foar de countys fan 'e steat.

Boroughs komme foar yn 'e Feriene Steaten (yn ferskate betsjuttings; sjoch borough (Feriene Steaten)); yn Ingelân, Noard-Ierlân dn de Kanadeeske provinsje Kebek (en earder ek yn Ontario). Yn Australaazje kamen se foarhinne ek foar yn Nij-Seelân, mar no net mear. Austraalje omfiemet noch ien inkele borough (Queenscliffe Borough).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.