Boertanger Fean

Ut Wikipedy
It plak fan it eardere Boertanger Fean

It Boertanger Fean (Nederlânsk: Bourtangerveen of Bourtangermoeras, Dútsk: Bourtanger Moor, Leechsaksysk: Boertanger Moor) wie in grut heechfeangebiet yn it easten fan Drinte, it easten fan Grinslân en Iemslân (Dútslân). It gebiet is fan de Midsiuwen ôf foar it grutste part oanmakke, dêr't der yn it begjin fan de 21e iuw noch mar in lyts bytsje fan oerbleaun is.

Foarm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Boertanger Fean hie winliken in "V-foarm". De westlike poat besloech de iere delling fan de Hunze, dat yn it westen begrinzge waard troch de Hûnsrich en rûn yn it noarden ta de stêd Grins. De eastlike poat lei yn de delling fan de Iems. It súdpunt fan it gebiet lei by Lingen. Tusken de beide poaten yn lei Westerwâlde. It feangebiet omfieme in gebiet fan 3000 km². It lei foar in twatred part yn it hjoeddeiske Nederlân en foar ientred part yn Dútslân. It grutste part fan it feangebiet bestie út heechfean.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Boertanger Fean waard likernôch om 5000 f.Kr. hinne foarme. It gebiet wie foarhinne al bewenne, om't de boaiemfynsten by Hoetmansmar dêrfan tsjûgje. It gie om nomaden, dy't yn de Midstientiid yn it gebiet om tôgen. It allegeduerigen grutter wurden fan it feangebiet ferdreau de befolking en sadwaande waard it gebiet slim te berikken. By Ter Apel en Nieuw-Dordrecht binne resten fan feandiken, út de Jonge Stientiid en Izertiid, fûn.
It fean tsjinne lykwols ek as in miltêre beskerming, dêr't it slim wie om trochhinne te kommen. Op plakken mei paden troch it fean, of by it feangebiet del, waarden skânsen boud, sa as bygelyks Boertange, Aldeskâns en Nijeskâns. Tusken 1580 en 1850 waard dy beskermjende wurking fan it fean fan grut belang, sa as bygelyks yn de Earste Münsterske Kriich en de Twadde Münsterske Kriich.

It oanmeitsjen fan it feangebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feanterij wie ynearsten beheind ta de rânen fan it feangebiet. Nei alle gedachten waard turf al hiel lang as brânje brûkt. By it oanmeitsjen fan it fean yn de twadde helte fan de Midsiuwen spilen kleasters in wichtige rôl, sa as bygelyks dy fan Aduard.
It fean waard ek oanmakke foar de lânbou. Yn de Midsiuwen waard it fean oan de rânen fan it gebiet ûntwettere foar it ferbouwen fan rogge. Troch it ûntwetterjen ûntstie der in proses fan fertarjen fan it fean, dêr't de boaiem troch sakke. Dêrtroch waarden tusken 1360 en 1500 grutte stikken fan it gebiet troch de Dollard fuortslein.
Yn de sechtjinde iuw sette grutskalige feanterij útein. De Fryske metoade fan feanterij waard brûkt, dêr't kanalen groeven waarden en wiken by de kanalen del boud waarden. De earste feanterijen wiene by de Hunze del, ticht by de stêd Grins. De turf waard oer dy rivier ôffierd. Grins hie in soad ferlet fan brânje, en de turf út it Boertanger Fean wie fan grut belang foar de ekonomy fan de stêd. Yn de santjinde iuw bemachtige de stêd Grins de goa Westerwâlde en dêrnei koe de feanterij grutskaliger oanpakt wurde. Johan de la Haye en Johan Sems ûntwurpen de grinsline troch it fean, dy't fan Wolfsbarge, oan 'e Súdlaardermar, yn in rjochte line nei Ter Apel rint. Dy line wurdt de Semsliny neamd en foarmet de grins tusken Grinslân en Drinte.
It Stedskanaal, dat yn de achttjinde iuw groeven waard, foalge de Semsliny foar it grutste part. Dat kanaal wie in wichtige ôffierrûte fan it oanmeitsjen fan it fean. Yn de njoggentjinde iuw wie it in drokke farwei. De gebieten dy't oanmakke waarden, wurde feankoloanjes neamd. It oanmakke feangebiet yn Grinslân en Drinte wurdt de Grinzer Feankoloanjes neamd, om't de stêd Grins de wichtichste rôl yn it oanmeitsjen dêrfan spile hat.
It oanmeitsjen fan it fean hat der ta laat dat de rest fan it feangebiet drûger waard. Dêrtroch waard de militêre beskerming, dy't it gebiet bea, lykwols minder. By Boertange waarden diken oanlein dy't it wetter better fêsthâlde koene.
Boppedat kamen der kolonisten út Dútslân wei, dy't op it fean boekweet ferbouden. Om de grûn dêrfoar gaadlik te meitsjen, moast de fean earst ôfbaarnd wurde. Om de grutte oerlêst dy't dat feroarsake, waard dat yn 1925 ferbean.
Yn de njoggentjinde iuw waard turf foar it grutste part ferfongen toch stienkoal as brânje. Winsten fan bedriuwen, besibbe oan de feanterij, namen dêrtroch ôf. Ek yn dy tiid waard de ferlinge Hegefeanske Feart groeven, dêr't feanterij yn de súdlike part fan it Boertanger Fean troch tanamen.
Yn de tweintichste iuw wie turf net mear it haadprodukt, mar waarden it struisel fan turf, aktive koal en letter ek potgrûn wichtige produkten fan it fean. Yn it oerbliuwende feangebiet waarden gjin wiken mear boud, maar waard it fean oer in smelle spoar ôffierd nei turfstruiselfabriken. Dêrwei waard it fierder ferfierd mei it skip, stoomtrem, trein of frachtauto. Nei't it Amsterdamsche Veld ôfgroeven waard, wie it dien mei de feanterij op it Nederlânske part. Dat lêste ferfeante gebiet is part fan it natuergebiet de Bargerfean. Yn it Dútske part fûn yn it begjin fan de 21e iuw noch wol feanterij plak.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van Rottum tot Reest, Natuurgebieden in Groningen en Drenthe. Under redaksje fan Fred Helmig, Walter ten Klooster en Bert Witvoet en ûnder einredaksje fan Henk van den Brink. Utjûn troch Steatsboskbeheer ISBN 909013283X. Sjoch de siden 271 - 283.