Boekbiner

Ut Wikipedy
Der Buchbinder (de Boekbiner) út it Dútske berneboek Was willst du werden (± 1880)

In boekbiner is immen dy’t boeken ynbynt. De boekbiner docht de lêste wurksumheden yn de boekproduksje. It wurk begjint nei it printsjen fan de ynhâld en de omslach.

It boekblok wurdt lime of naaid yn de boekbân. De boekbân kin fersierd wurde mei goud, bygelyks in supralibros, blynstimpels, laminearring of ôfbyldings. Foar beskerming kin ek noch in stofomslach om it boek teard wurde.

Oarspronklik wie it binen fan boeken hânwurk. Tsjintwurdich wurde de measte boeken masinaal bûn. It hânmjittich binen fan boeken wurdt noch wol dien troch restauraasje en bysûndere útjeften.