Beukerskoalle

Ut Wikipedy
In beukerskoalle yn Afganistan.

De beukerskoalle (ek wol mei in hollanistyske ynterferinsje kleuterskoalle neamd) is in foarm fan ûnderwiis dy't bedoeld is foar beukers, bern yn 'e leeftydskategory fan likernôch 4 oant 6 jier âld. Dit type skoalle waard oarspronklik almeast bewarskoalle neamd om't de bern der "yn bewarring" jûn waarden. Yn it Frysk waard dêrby de Nederlânske term bewaarschool oernommen as bewaarskoalle, wat net selden ferbastere waard ta bewaanskoalle. In oare beneaming foar de beukerskoalle is fröbelskoalle, nei Friedrich Fröbel, de Dútske pedagooch dy't de beukerskoalle betocht. Formeel waard it foarhinne 'tariedend leger ûnderwiis' neamd. De beukerskoalle moat net betize wurde mei it pjutteboartersplak, dat in foarm fan opfang is foar noch jongere bern fan 2 of 3 jier.

Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân wie de term 'beukerskoalle' oant en mei it skoaljier fan 1984-1985 de namme foar in ûnderwiisfoarm dy't foarôfgie oan 'e legere skoalle. Hoewol't bewarskoallen yn stêden en gruttere doarpen al foar de Twadde Wrâldoarloch bestiene, kaam der pas yn 1956 in wet dy't it beukerûnderwiis en de finansiering dêrfan regele. Ferplichte wie it nea, mei't bern yn Nederlân pas mei 6 jier learplichtich binne. Fan 1985 ôf kaam ûnder de Wet op it Basisûnderwiis foar sawol de beukerskoalle as de legere skoalle de basisskoalle yn 't plak. De beukerskoalle hie twa klassen: de earste klasse foar bern fan 4 oant 5 jier (ferlykber mei de hjoeddeistige groep 1 fan it basisûnderwiis) en de twadde klasse foar bern fan 5 oant 6 jier (ferlykber mei groep 2). Nei de twadde klasse giene bern oer nei de earste klasse fan 'e legere skoalle (ferlykber mei groep 3).

Oare lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Flaanderen bestiet de beukerskoalle noch altyd, hoewol't dêr ek pjutten fan 3 jier of soms noch jonger hinne geane. Behalven kleuterschool wurdt de beukerskoalle yn Flaanderen ek wol kindertuin of papschool neamd. Yn 'e Feriene Steaten sprekt men foar in beukerskoalle fan in kindergarten, in (Dútske) beneaming dy't ôfkomstich is fan Friedrich Fröbel. Kindergartens foarmje almeast de earste klassen fan 'e elementary school en meitsje dêrmei diel út fan it ferplichte ûnderwiisstelsel. Oan 'e ferplichte kindergarten giet faak noch de frijwillige preschool foarôf.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.