Berltsumer Wiid

Ut Wikipedy

It Berltsumer Wiid is in wetter yn de gemeente De Waadhoeke. De feart rint tusken Berltsum en Rie en rint benoarden Kleaster Eanjum. It kanaal is ferbûn mei it Van Harinxmakanaal yn it súdwesten by Frjentsjer fia De Rie en yn it súdeasten by Ljouwert fia de Berltsumer Feart en de Menamer Feart. De feart is part fan de Alvestêdetochtrûte. [1]

De namme Berltsumer Wiid jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Berlikumerwijd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: