Bavo Galama

Ut Wikipedy
Bavo Galama
artyst en/of kabaretier
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bavo Galama
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 april 1958
berteplak Nimwegen (Gelderlân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as kabaretier, presintator,
programmamakker, akteur
medium teäter, tillefyzje
jierren aktyf 1981 – no
offisjele webside
gjint

Bavo Galama (Nimwegen, 3 april 1958) is in Nederlânsk kabaretier, presintator, programmamakker en akteur fan Frysk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galama waard yn 1958 berne yn it Gelderske Nimwegen. Syn famylje komt lykwols oarspronklik út Boalsert. Hy waard foar it earst bekend as kabaretier, doe't er fan 1981 oant 1989 mei Titus Tiel Groenestege gearwurke as it duo Frisse Jongens, mei foarstellings as Mannetjes op de Rand, Anton Huyg Komt Nooit Meer Thuis en Ons Lowietje Heeft een Engel Gezien. Hja wurken ek in hoart mei oan it VPRO-radioprogramma Pandemonium, en mei Adelheid Roosen en Jack Spijkerman oan VARA's Nachtshow. It duo Frisse Jongens wûn ferskate prizen, lykas de sjuery- en publykspriis fan it Camerettenfestival, yn 1981, en letter de Eerste Nederlandse Cabaretprijs en de Sulverne Harpe.

Nei 't hy en Titus Tiel Groenestege yn 1989 útinoar gien wiene, makke Galama trije solo-kabaretprogramma's, De Vrije Val van Victor Thieu, Iets met een Kist en De Straat, de Straat. Op 'e nij foel er dêrmei yn 'e prizen, en wûn û.m. de CJP Poadiumpriis. Fan 1992 ôf krige er ek bûten it teäter bekendheid, doe't er as panellid meidie oan it humoristyske konsuminteprogramma Ook Dat Nog!, fan 'e KRO. Dêrby ferfong er it oarspronklike panellid Erik van Muiswinkel, en wurke er gear mei presintator Aad van den Heuvel en de oare trije panelleden Sylvia Millecam, Gregor Frenkel Frank en Hans Böhm. Galama fungearre ek jierrenlang as tekstskriuwer foar dit programma, ek noch nei't er opholden wie as panellid. Nei it ferstjerren fan Millecam, yn 2001, breide er dêr in ein oan.

Neitiid wurke Galama mei in grut tal programma's, as betinker, adviseur of regisseur. Sa regisearre er in seizoen fan 'e komeedzjerige Verkeerd Verbonden, mei yn 'e haadrollen Bert Kuizenga en Elsje de Wijn, dy't útstjoerd waard troch de TROS. Ek hie Galama sels gastrollen as akteur yn searjes as Baantjer en Voetbalvrouwen, en spile er mei yn ferskate filmproduksjes, wêrûnder Floris en Vincent. Tegearre mei Jeroen van Merwijk spile er it teäterprogramma De Omgekeerde Wereld, en teffens makken hja tegearre it radioprogramma Radio Magnolia, foar de KRO. Fierders makke Galama mei syn broer Fabian Galama, in balletdûnser, de foarstelling Gebroeders, wêrfoar't er de teksten basearre op it boek mei deselde namme fan Ted van Lieshout.

Sels skreau Bavo Galama fjouwer berneboeken, de saneamde Kleine Thomas-rige. Dy waard yn 2001 útjûn troch Kosmos-Z&K Uitgeverij, en der giene wol 40.000 fan oer de toanbank. Galama skreau ek it senario foar de jongereinsearje Villa Neuzenrode, by Z@ppelin. Fan 2003 ôf wied er fierders as regisseur belutsen by de teätertoers fan sjonger Guus Meeuwis en yn 2010 ek by it toernee fan sjonger VanVelzen. Op RTL 7 presintearre er fan 2004 oant 2010 it autoprogramma Gek op Wielen, en sûnt 2010 docht er op SBS 6 de presintaasje fan it lyksoartige programma Nederland op Wielen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kleine Thomas-rige
    • 2001 – Help, Ik Moet Poepen!
    • 2001 – Het Regent in de Badkuip
    • 2001 – Mag Ik Vandaag Mijn Blootje Aan?
    • 2001 – Nee, Ik Wil Niet Slapen!

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: