Ava Gardner

Ut Wikipedy
Ava Gardner
akteur
Ava Gardner yn 1951
Ava Gardner yn 1951
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ava Lavinia Gardner
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 24 desimber 1922
berteplak Brogden
stoarn 25 jannewaris 1990 (67 jier)
stjerplak Londen
jierren aktyf 1940-1989
offisjele webside
www.avagardner.org
Yn The Barefoot Contessa (1954)
Ava Gardner en Richard Burton yn The Night of the Iguane

Ava Lavinia Gardner (Brogden (Noard-Karolina), 24 desimber 1922Londen, 25 jannewaris 1990) wie in Amerikaansk filmaktrise. Sy waard lange tiid tige wurdearre om har skientme en har akteartalint. Sy waard nominearre foar in Academy Award yn 1954 foar har haadrol yn Mogambo, foar in Golden Globe foar The Night of the Iguana en foar BAFTA Awards, sawol foar Bhowani Junction, On the Beach as The Night of the Iguana.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gardner wie in dochter Jonas Gardner, in lytse katoen- tabaksplanter, en Mary Elizabeth. Se wie de jongste fan sân bern. Sy brocht har jonkheid op de plantaazje troch.

De earste film dy't har wier opfallen die, nei in stikmannich lytse filmrollen, wie The Killers út 1946.

Gardner waard yn dy perioade ek tige bekend troch har stoarmige houliken. Fan 1941-1943 wie hja troud mei akteur Mickey Rooney, yn 1945-1946 mei jazzbandlieder Artie Shaw en fan 1951 oant 1957 mei Frank Sinatra.

Nei de Twadde Wrâldkriich krige hja grutte rollen oanbean yn films fan grutte regisseurs en spile hja mei inkelde fan de grutte akteurs: mei James Mason yn Pandora and the Flying Dutchman, mei Gregory Peck en Susan Hayward yn Snows of the Kilimanjaro, mei Clark Gable en Grace Kelly yn Mogambo (foar dy rol krige se in Oscarnominaasje), mei Tyrone Power, Errol Flynn en Mel Ferrer yn The Sun also Rises, mei Humphrey Bogart yn The Barefoot Contessa en mei Richard Burton en Deborah Kerr yn The Night of the Iguana. Nei dy film rekke har karriêre wat yn in nederklits. Hja krige wol regelmjittich rollen, mar it hichtepunt fan har karriêre wie foarby.

Gardner wie bekend as in sinnige aktrise en hat ferskate kearen har kontrakten foar de tiid ferbrutsen. Doe't it libben yn Hollywood har net mear noaske, ferliet se de filmstêd op it hichtepunt fan har karriêre (1955) en ferfear nei Spanje. De measte films fan nei 1955 binne bûten de Feriene Steaten opnomd. Yn 1968 sette hja har ta wenjen yn de deftige Londense wyk Kensington.

Yn 1989 krige sy in oerhaal dy't har foar in part ferlamme. Har eardere man Frank Sinatra betelle de medyske kosten foar har. Sy rekke wei op 25 jannewaris 1990 yn Londen troch in longûntstekking. Ava Gardner leit te hôf yn Smithfield, North Carolina (F.S.). Yn Smithfield stiet ek it museum ta har eare.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • D. Hanna, Ava
  • Ch. Higham, Ava, a life story
  • J. Daniell, A. Gardner

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ava Gardner fan Wikimedia Commons.