Autopedalvestêdetocht

Ut Wikipedy
Autopedalvestêdetocht
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum Pinkstersnein
bysûnderheden
gelegenheid alvestêdetocht
soarte evenemint sportevenemint
bestean 1985 – no
org. troch Boalserter Autoped Feriening
offisjele webside
www.stepelfsteden.nl

De Autopedalvestêdetocht is in alvestêdetocht foar lju op 'e autoped, dy't elts jier holden wurdt op Pinkstersnein. Dit evenemint wurdt organisearre troch de Boalserter Autoped Feriening (Bolswarder Step Vereniging). It waard foar de earste kear holden yn 1985, doe't trettjin dielnimmers de alvestêderûte by wize fan sponsortocht op 'e autoped ôfleine, om jild yn te sammeljen foar de oanskaf fan boarterstastellen foar in kres.

De rûte dy't troch de dielnimmers oan 'e Autopedalvestêdetocht folgje, is deselde as dy't in dei letter, op Pinkstermoandei, troch de Alvestêdetocht op de Fyts ôflein wurdt. De start is yn Boalsert, wêrnei't earst in noardlike lus riden wurdt oer Harns, Frjentsjer, Dokkum en Ljouwert om te einigjen yn Boalsert. Dêrnei folget de súdlike lus oer Snits, Drylts, Sleat, Starum en Hylpen, wêrnei't de finish wer yn Boalsert is.

De Autopedalvestêdetocht giet om midsnacht fan start en oan Dokkum ta moatte de dielnimmers byinoar bliuwe. Dêrnei meie se allegearre yn eigen tempo fierder autopedsje. It ôflizzen fan 'e hiele tocht duorret likernôch 16 oant 17 oeren, sadat de measte dielnimmers let yn 'e middei oer de finish komme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Steppers in colonne door Fries landschap, yn: 11 fan Fryslân (hûs oan hûs besoarge ynfokrantsje), 2 maaie 2018, s. 13.