Assisi

Ut Wikipedy
Assisi

Flagge Wapen
Polityk
Lân Itaalje
regio Umbrje
provinsje Perugia
Sifers
Ynwennertal 28.414 (30.11.2019)
Oerflak 187.19 km²
Befolkingstichtens 151.79 km²
Hichte 424 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside comune.assisi

Assisi is in stêd en gemeente yn de provinsje Perugia yn de regio Umbrje yn Itaalje.

It midsiuwske stedsbyld mei de stedsmuorre en de fêsting Rocca Maggiore bleaune goed bewarre en waard yn it jier 2000 tafoege oan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

De stêd is it berteplak fan de latynske dichter Propertius, Sint-Fransiskus, dy't de oarder fan de Fransiskanen yn 1208 stifte en Sint-Klara, stiftster fan de Earme Susters, de lettere Oarder fan Earme Klarissen. It is ek it plak dêr't de 19e iuwske Gabriel fan Us-Leaffrou fan Smerten berne is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Slach by Sentinum feroveren de Romeinen fanôf 295 f.Kr. it gebiet op de Etrusken. Ut de romeinske tiid datearje noch in tal monuminten: de stedsmuorren, it foarum (tsjintwurdich Piazza del Comune), in teäter, in amfiteäter en de Minervatimpel (tsjintwurdich ferboud ta de Santa Maria sopra Minerva). Yn 1997 waarden noch de resten fûn fan in romeinske filla mei mozaïeken yn in poerbêste steat, sa't dy selden fûn binne.

Biskop Rufinus brocht yn 238 nei Kristus it kristendom nei Assisi. Syn reliken wurde yn de nei de biskop ferneamde katedraal fan Assisi bewarre. Assisi waard foar in grutste diel yn 545 troch Ostrogoaten ferneatige. Assisi waard ûnderdiel fan it hartochdom Spoleto.

Assisi yn de 16e iuw

Yn de 11e iuw waard de bloeiende stêd in ûnôfhinklike ghibellynske mienskip. De stêd hie it jimmeroan oan de stok mei it welfyske Perugia en by ien fan dy fjildslaggen, de Slach by Ponte San Giovanni, waard de grutte katolike hillige Francesco di Bernardone (Fransiskus fan Assisi) finzen nommen. Dat wie it momint dat foar him lang om let liede ta it ôfwizen fan wrâldske rykdommen en de stifting fan de Oarder fan de Minderbruorren.

Yn de 13e iuw begûn de stêd bûten de âlde romeinske muorren út te wreidzjen. Dat barde yn in tiid dat de stêd ûnder it pauslike gesach foel. Troch de útbraak fan de pest yn 1348 rekke de stêd swier yn it neigean. De Rocca Maggiore, it fort boppe op de stedsheuvel dat yn 1189 troch it folk plondere wie, waard yn 1367 yn opdracht fan de pauslike legaat, kardinaal Gil de Albornoz, wer opboud. Nei't ferskillende despoaten neitiid de stêd bestjoerden, kaam de stêd letter wer ûnder de jurisdiksje fan paus Pius II (1458–1464). Yn de tiid fan de renêssânse ûntwikkele de stêd him rêstich en fredich.

Tsjintwurdich is Assisi in beafeartsplak. Tegearre mei Katarina fan Siena is de yn Assisi berne Fransiskus de beskermhillige fan Itaalje. Fransiskus, dy't sels yn guon rûnten fan net-kristenen fereare wurdt, stie fral bekend fanwegen syn leafde foar de natoer. Ien fan de oerleverings oer de hillige is dat er preke foar fûgels.

De stêd waard yn septimber 1997 troffen troch twa swiere ierdskoddings. In soad histoaryske gebouwen rekken slim skeind, mar it meast ferneamde monumint, de Sint-Fransiskusbasilyk, waard twa jier letter al wer iepene.


Monuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

UNESCO hat yn 2000 alle Fransiskaanske bouwurken yn Assisi kollektyf as wrâlderfgoed oanwiisd.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

San Francesco d'Assisi
Santa Maria degli Angeli
Rocca Maggiore
  • De San Francesco d'Assisibasilyk bestiet út in beneden- en boppetsjerke. It is de grêftsjerke fan Sint-Fransiskus. Sûnt 1756 is it in basilica maior, ien fan de katolike tsjerken mei de heechste status. De basilyk is beskildere mei fresko's út de tiid fan de renêssânse. By de swiere ierdskoddings fan 1997 stoartten de gewelven foar in part yn, wêrby't fjouwer minsken omkamen. Nei in restauraasje iepene de tsjerke twa jier letter de doarren wer. Oan de tsjerke slút it Sacro Convento oan.
  • De Duomo San Rufino (Sint-Rufinuskatedraal) is in romaanske tsjerke, dêr't biskop Rufinus fan Assisi te rêste lein waard nei't dy yn de 3e iuw fermoarde waard. De gevel hat trije roasfinsters en in 16e-iuwsk ynterieur.
  • De Santa Maria Maggiore (Tsjerke fan Marije de Meardere) is de âldste noch besteande tsjerke fan Assisi en wie oant 1039 de katedraal fan Assisi.
  • Yn de Basilica di Santa Chiara (Sint-Klarabasilyk) leit Sint-Klara begroeven. De bou fan de tsjerke mei in ienfâldich goatysk ynterieur en 13e-iuwske fresko's en skilderijen sette yn 1257 útein.
  • De Basilica di Santa Maria degli Angeli (Tsjerke fan Sint-Marije fan de Ingels) waard om de kapel hinne boud dêr't Sint-Fransiskus ferstoar.
  • De Chiesa Nuova oan (Piazza Chiesa Nuova) is in yn it begjin fan de 17e iuw boude tsjerke op it plak dêr't it âldershûs fan Fransiskus stien hat en dêr't de hillige nei alle gedachten berne is.
  • De romaanske Santo Stefano waard boud yn de 13e iuw.
  • De Santa Maria sopra Minerva wie oarspronklik in romeinske timpel út de 1e iuw f.Kr.
  • De Chiesa di San Pietro is in benediktynske kleastertsjerke, oarspronklik boud yn de 10e iuw en yn de 13e iuw op 'e nij boud; yn de goatyske Kapel fan it Hillich Sakramint wurdt in retabel bewarre fan Matteo di Gualdo.
  • De Chiesa di San Damiano is in eardere kleastertsjerke. De tsjerke leit mei it kleaster bûten de stedsmuorren tusken fjild en olivebeammen. Yn it kleaster wenne Sint-Klara mei har mienskip.
  • It Eremo delle Carceri stiet in pear kilometer bûten Assisi en is it plak dêr't Fransiskus allinne wêze woe en foar de fûgels preke.
  • Krekt bûten Assisi leit de Santa Maria di Rivotorto op it plak dêr't Fransiskus de regels fan de oarder fêstlei.

Oare monuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De stêd hat twa midsiuwske kastielen. Rocca Maggiore is it gruttere kastiel fan kardinaal Albornoz. It lytsere Rocca Minore stiet noardeastlik fan de stêd.
  • It romeinske amfiteäter datearret út de 1e iuw en wurdt omfieme troch midsiuwske hûzen. De arena tsjinnet hjoeddedei as grienfoarsjenning.
  • Oan it Piazza del Comune lizze it Palazzo del Capitano del Popolo út it midden fan de 13e iuw, de Torre del Popolo (1305), en it Palazzo dei Priori (1275-1493). De fontein mei de trije liuwen oan de súdlike kant fan it plein stamt út de 16e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelstalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Assisi