Anne de Vries

Ut Wikipedy
Anne de Vries
skriuwer
Búste fan Anne de Vries yn Rolde, makker: Charles Henri
Búste fan Anne de Vries yn Rolde, makker: Charles Henri
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym A. Nassau
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 22 maaie 1904
stoarn 29 novimber 1964
wurk
taal Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
Bartje, Jaap en Gerdientje, bernebibel


Anne de Vries (Assen, 22 maaie 1904Zeist, 29 novimber 1964) wie in Nederlânsk ûnderwizer en skriuwer. Hy waard foarlal bekend troch twa streekromans oer de Drintske jonge Bartje (1935).

Sitaat:Bartje heb ik geschreven vanuit mijn jeugdgevoelens, gecombineerd met mijn studie en ervaring als schoolmeester. Bartje wil een schreeuw zijn om eerlijkheid in de opvoeding, om oprechtheid en belangeloosheid tegenover het kind, dat in ons graag een kameraad wil zien en zich telkens weer door ons bedrogen voelt. Het boek wil laten zien hoe daardoor bij het kind zich wel dezelfde ondeugden moeten ontwikkelen en dezelfde listen en achterbaksheden waar wij als grote mensen altijd mee te strijden hebben.

Bartje waard ûnder oaren oerset yn it Dútsk, Deensk, Sweedsk, Noarsk, Tsjechysk en Hongaarsk.

Nasjonale bekendheid krige Anne de Vries nei't Bartje yn 1972 mei grut sukses ferfilme waard ta in tillefyzjerige troch Willy van Hemert. Mei troch dizze ferfilming waard 'Bartje' it symboal foar de provinsje Drinte.

De Vries troude yn 1930 mei Alida Gerdina van Wermeskerken. Hja krigen fiif bern.

Neist jeugdboeken, bygelyks it tige suksesfolle oarlochsboek Reis door de nacht, skreau er bernebibels en skoalboekjes (û.o. oer it Súd-Amerikaanske yndianejonkje Panokko).

Wurk (kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jongens van de straat, 1934.
  • Bartje. 1935.
  • De stroper, 1935.
  • Jaap en Gerdientje, 1937.
  • Op de grote heide, 1937.
  • De grote veenbrand, 1937.
  • Groot vertelboek voor de Bijbelse geschiedenis, 1939 (as PDF (23 MB)).
  • Verhalen voor Kersttijd, 1948.
  • Honderd vertellingen uit de bijbel, 1949.
  • Het boek van Jan Willem, 1950.
  • Reis door de nacht, 1951-1958 (4 dielen), sjoch ek:Esmée van Eeghen.
  • Kinderkleurbijbel (Oude testament), 1961.
  • Het boek van Dietje Jansen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]