Allinnichsteande

Ut Wikipedy
Bioskoopsjoernaal út 1960 oer wenten foar allinnichsteanden oan 'e Jan Evertsenstrjitte yn Amsterdam.

In allinnichsteande of allinnesteande is in minske dy't gjin libbenspartner hat, allinne op him- of harsels wennet en yn it eigen deistich ûnderhâld foarsjocht. Dêrby kin it gean om immen dy't noch nea troud west hat en nea in oarsoartige fêste relaasje (lykas gearwenjen) hân hat. Sokken wurde gauris oantsjut as in frijfeint of frijfaam, hoewol't dy begripen eins breder binne. Mar it kin ek gean om immen fan wa't it houlik einige is yn in skieding of fan wa't de oarsoartige fêste relaasje op in soartgelikense wize beëinige is, en teffens is it mooglik dat it giet om in widner of widdo, fan wa't de oarehelte kommen is te ferstjerren. Tsjintwurdich rekket yn Nederlân de Ingelske term single ynboargere, dy't fierhinne synonym is mei it begryp 'allinnichsteande'.

Neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) is in allinnichsteande immen dy't inkeld him- of harsels partikulier (d.w.s. net-bedriuwsmjittich) foarsjocht fan húsfêsting en de deistige libbensnedichheden. In allinnichsteande fiert yn dizze definysje gjin mienskiplike húshâlding, mar foarmet in ienpersoanshúshâlding. Neffens de optyk fan it CBS is in folwoeksen bern sûnder relaasje, dat by syn âlden of by ien fan syn âlden ynwennet, dus gjin allinnichsteande. Boppedat hoege allinnichsteanden net beslist net-troud te wêzen: ek troude persoanen dy't yn ôfwachting fan harren skieding al apart wenje, wurde as allinnichsteanden beskôge. Oarsom kinne allinnichsteanden wol in fêste relaasje mei in oare persoan ûnderhâlde, salang't sokken mar apart fan harren partners wenje, bgl. yn in LAT-relaasje.

Yn Nederlân is anno 2018 al jierrenlang sprake fan in sterke taname fan it tal allinnichsteanden. Neffens it CBS wiene der yn 2015 likernôch 2,8 miljoen allinnichsteanden, en de ferwachting is dat dat tal yn 2025 oanwoeksen wêze sil ta 3 miljoen. Dy groei komt foar rekken fan 'e lju yn har middeljierren dy't allinnichsteand binne en ek foar âldere allinnichsteanden. It tal jongere allinnichsteanden bliuwt nei ferwachting oant 2035 stabyl. By de groei fan it tal allinnichsteanden spylje ferskate faktoaren in rol. Sa is it allinnichsteand bliuwen tsjintwurdich troch de gruttere fariaasje oangeande relaasjefoarmen maatskiplik sjoen mear akseptearre. Fierders is de emansipaasje fan froulju wichtich, dy't no net mear, lykas foarhinne, ekonomysk ôfhinklik binne fan in man en dy't boppedat in bettere oplieding hawwe.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.