Aleksej I fan Ruslân

Ut Wikipedy
Aleksej I

Aleksej I Michajlovitsj (Russysk: Алексей Михайлович) (Moskou, 19 maart 1629 — dêre, 8 febrewaris 1676) wie tsaar fan Ruslân fan 1645 oant 1676.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksej wie in soan fan de earste tsaar dy't de Romanovs leveren, Michael I. Under syn regear wiene der konflikten yn de Russyske tsjerke dy't útrûnen op it skisma (Raskol) fan 1666-67 en in hurd ynlânsk belied dat late ta in grutte boererebûlje oanfierd troch Stepan Razin. De tsjerkeherfoarmingen fierde er troch yn de mande mei patriarch Nikon (1605-1681), mei wa't er yn it begjin fan syn regeartiidrek in nau kontakt hie. Hy regearre oant 1648 tegearre mei de bojaar Boris Morozov, dêrnei allinnich. Yn 1649 makke Aleksej de liifeigenskip wetlik; yn 1662 ûntstie ûnder syn bewâld in boargeropstân yn Moskou. De lêste jierren fan syn regear wie der net folle te rêden.

Nei Aleksejs dea folge Fjodor III him op. It tsaardom Ruslân besloech by syn dea benei 8.100.000 km².

Houliken en bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksej boaske 1648 mei Marja Iljinitsjna Miloslavskaja (1625-1669). Ut it houlik waarden trettjin bern berne:

  • Dimitri (1648-1649)
  • Eudoxia (1650-1712)
  • Marfa (1652-1707)
  • Aleksej (1654-1670)
  • Anna (1655-1659)
  • Sofia (1657-1704)
  • Catharina (1658-1718)
  • Maria (1660-1723)
  • Fjodor III (1661-1682)
  • Feodosia (1662-1713)
  • Simeon (april 1665 — july 1669)
  • Ivan V (1666-1696)
  • Eudoxia (1669-1669)

Nei de berte fan de lêste stoar syn frou in stikmannich wiken letter.

Aleksej troude fannijs yn 1671 mei Natalja Kirilovna Narisjkina (1651-1694). Sy krigen trije bern:

  • Peter I (1672-1725)
  • Natalie (1673-1716)
  • Theodora (1674-1677)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]