Alan Thicke

Ut Wikipedy
Alan Thicke
akteur
Alan Thicke yn 2010.
Alan Thicke yn 2010.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Allan Willis Thicke
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 1 maart 1947
berteplak Kirkland Lake (Ontario)
stoarn 13 desimber 2016
stjerplak Burbank (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Kanadeesk
jierren aktyf 19692016
offisjele webside
www.alanthicke.com

Alan Thicke (útspr.: [θɪk]; berne as: Alan Willis Jeffery; Kirkland Lake (Ontario), 1 maart 1947Burbank (Kalifornje), 13 desimber 2016) wie in Kanadeesk akteur, lietsjeskriuwer en presintator dy't almeast yn 'e Feriene Steaten wurke. Hy waard fral bekend mei syn rol yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje Growing Pains. Thicke wie de heit fan sjonger en lietsjeskriuwer Robin Thicke.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thicke waard yn 1947 berne ûnder de namme Alan Willis Jeffery yn Kirkland Lake, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, as de soan fan effektemakeler William Jeffery en dy syn frou Joan, in ferpleechster. Nei harren skieding wertroude syn mem mei in dokter Brian Thicke, oan wa't Alan Thicke syn namme tanket.

Thicke studearre letter oan 'e Universiteit fan Westlik Ontario, en waard yn 'e twadde helte fan 'e santiger jierren presintator fan 'e kwis First Impressions, dy't útstjoerd waard troch de Kanadeeske stjoerder CFCF-TV te Montreal. Begjin jierren tachtich presintearre er op 'e Kanadeeske tillefyzje syn eigen praatprogramma, de Alan Thicke Show, dêr't er safolle súkses mei hie dat er frege waard om in praatprogramma op 'e Amerikaanske tillefyzje te dwaan, mei as titel Thicke of Night (in wurdspiling: in the thick of night, sûnder -e, betsjut "te neare nacht"). Yn dyselde snuorje wie Thicke ek wurksum as komponist en tekstskriuwer fan in ferskaat oan iepeningsmeldijen fan tillefyzjeprogramma's, wêrûnder dy fan 'e populêre komeedzjesearjes Diff'rent Strokes en The Facts of Life. Teffens presintearre er in stikmannich wiid útinoar rinnende programma's, wêrûnder de Miss USA-ferkiezing fan 1988.

Ynternasjonaal waard Thicke bekend mei syn rol as Jason Seaver, de heit fan it gesin yn 'e Amerikaansk komeedzjesearje Growing Pains, dy't fan 1985 oant 1992 rûn. Dêrnjonken spile er yn 1995-1996 ek mei yn 'e minder bekende searje Hope & Gloria, dêr't 35 ôfleverings fan makke waarden. Teffens wied er te sjen yn in grut tal tillefyzjefilms, en ek yn ferskate spylfilms, lykas Calendar Girl Murders (1983), Stepmonster (1993) en Raising Helen (2004). Fierders hied er ferskate gastrollen yn tillefyzjesearjes, wêrûnder Married... with Children, The Bold and the Beautiful en Just Shoot Me. Yn 'e komeedzjesearje How I Met Your Mother hied er in weromkearende rol as himsels, mei't er fanwegen syn Kanadeeske nasjonaliteit kunde hawwe soe oan it (ek Kanadeeske) haadpersonaazje Robin Scherbatzki, spile troch Cobie Smulders. Fan 'e ein fan 'e jierren njoggentich ôf lei Thicke him wer mear ta op presintearjen; sa died er de presintaasje fan 'e Miss Universe Kanada-ferkiezing yn 2004 en dy fan 'e Amerikaanske reality-itensiederswedstryd Celebrity Cooking Showdown yn 2006. Yn 2013 died er mei oan it realitytillefyzjeprogramma Celebrity Wife Swap, wêryn't er foar in wike fan frou ruile mei komyk Gilbert Gottfried. Ek hat Thicke ek noch twa boeken oer de opfieding fan bern publisearre.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thicke wie trije kear troud. Syn earste houlik, mei de Amerikaanske aktrise en sjongster Gloria Loring, duorre fan 1970 oant 1984. Dêrút waarden twa soannen berne: Brennan en sjonger Robin Thicke. Yn 1994 wertroude Thicke mei Miss World 1990 Gina Tolleson, mei wa't er ek in soan krige, Carter William, foar't er yn 1999 wer fan har skiede. Datselde jiers mette er yn Miami it model Tanya Callau, mei wa't er yn 2005 troude.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 13 desimber 2016 sakke Thicke yninoar wylst er mei syn soan Carter oan it iishokkyen wie yn 'e Pickwick Gardens te Burbank, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Neffens de bedriuwlieder fan 'e keunstiisbaan wied er noch by besleur doe't er op in brankaar ôffierd waard, en makke er sels noch grapkes mei syn soan. Yn it Providence Saint Joseph Medical Center, in sikehûs yn Burbank, stoar Thicke lykwols koarte tiid letter oan 'e gefolgen fan in hertoanfal. Hy waard 69 jier âld. Op 19 desimber fûn Thicke syn begraffenis plak te Carpinteria, dêr't er wenne. De lykrede waard dêrby holden troch syn goede freon, de komyk Bob Saget.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1999 – How Men Have Babies: The Pregnant Father's Survival Guide
  • 2006 – How to Raise Kids Who Won't Hate You

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.