Aggregaasjetastân

Ut Wikipedy

De aggregaasjetastân, of tastân fan matearje, is de foarm dêr't in matearje (stof) yn ferskynt. De oergong fan de iene nei de oare aggregaasjetastân fan matearje is in natuerkundich proses, ûnder ynfloed fan temperatuer en druk, dêr't der gemyske feroarings troch plakfine.

Tradisjoneel wurde der trije aggregaasjeetastannen ûnderskaat:

By ekstreme temperatueren en drukken komme dêrby:

It begryp aggregaasjetoastân is nau besibbe oan it (bredere) begryp faze.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad suvere stoffen komme foar yn de earste trije tastannen. By in lege temperatuer wurdt der ornaris in fêste stof foarme, by in hegere temperatuer in floeistof en by noch hegere temperatueren in gas. Minderjierrige fêste stof wurdt ornaris in kristalline fêste stof neamd.

By feroarings yn de tastân wurde de gemyske ferbinings yn it molekule fan de stof net perfoarst feroare. Wetter yn floeibere tastân kin by legere temperatueren oergean yn iis en by hegere temperatueren oergean yn wetterdamp, dat ûnder guon omstannichheden stoom neamd wurdt. Alle trije tastannen binne opboud út deselde H2O molekule.

De oergong fan de fêste tastân ta de floeibere tastân is ranen, dy fan floeibere ta in gas wurdt ferdamping neamd. Oarsom wurdt de oergong fan in gas nei in floeibere stof kondinssaasje neamd en fan in floeistof sturjen neamd.

It is mooglik dat guon stoffen ûnder guon omstannichheden fuortendaliks fan de fêste tastân nei gas oergean en de floeibere oerslaan. Dy oergong wurdt sublimaasje of fefrfluchtigjen neamd. Fan gas nei fêste stof wurdt ripen neamd. It befriezen fan wetterdamp nei bygelyks nachtfroast wurdt rûchfriezen of rou-izeljen neamd.

Nei
Fêst Floeiber Gas
Fan Fêst Rane Ferfluchtigje
Floeiber Sturje Ferdampe
Gas Ripe Kondinsearje

By in tige hege druk en temperatuer is de floeistof- en gasfaze net mear te ûnderskieden. De druk en temperatuer dêr't dat by bart wurdt it kritike punt neamd; in stof dy't dat punt foarby gien is, wurdt superkritysk neamd.

Twa oare minder bekende tastannen fan matearje binne plasma, dat bytiden ek wol de fjirde aggregaasjetastân neamd wurdt, en it bose-einsteinkondinsaat. Plasma is de faze dêr't in stof tige hjitte wurdt, wol tûzenen graden Selsius, dat it elektrysk liedend wurdt. Yn dat stadium draaie de elektroanen net langer mear om de kearn fan it atoom hinne. Plasma komt yn de natoer foar yn de kearnen fan stjerren. Wittenskippers binne der yn slagge en foarmje plasma om yn it laboratoarium, dêr't it ûnder kontrôle holden wurdt troch in elektromagnetysk fjild. It oergean nei plasma wurdt ionisaasje neamd.

Bose-Einsteinkondinsaat is it tsjinoerstelde fan plasma. It wurdt foarme as in stof ôfkuolle wurdt ta it absolute nulpunt (0 Kelvin of -273,15°S). As it nulpunt hast berikt wurdt, falle de atomen fan de stof allegear yn deselde kwantumfisyske faze, dêr't se ien grut superatoom foarmje. Soks bart ek yn it ljocht fan in laser. Dy komt lykwols allinnich yn in laboratoarium foar en komt safier bekend nearne yn de natoer foar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: