Abby Rode

Ut Wikipedy
Abby Rode
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Abby Rhode, Abby Rhodes
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 febrewaris 1979
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20072010
offisjele webside
gjint

Abby Rode, echte namme ûnbekend (San Diego, 21 febrewaris 1979), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise. Har skûlnamme wurdt ek wol (mis)stavere as Abby Rhode of Abby Rhodes. Hja sette yn 2007 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2010 beëinige Rode har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rode waard yn 1979 berne yn San Diego, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. As allinnichsteande mem makke se yn 2007 har debút yn in pornografyske film, doe't se 28 jier wie. Dêrby naam se de skûlnamme 'Abby Rode' oan, in ferwizing nei Abbey Road, yn Londen, de strjitte fan 'e ferneamde Abbey Road-studio's (dêr't The Beatles en oare grutte artysten opnamen makke hawwe).

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Rode dêrnei yn goed fjirtich pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Sin, Wicked Pictures, Adam & Eve, New Sensations, Sin City, Devil's Film, VCA Pictures en Hustler Video. Teffens wie Rode wol yn 't spier foar minder bekende filmstudio's, lykas Pure Play Media en Third Degree Films. Dêrnjonken wurke hja ek in protte foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers en Naughty America. Yn 2010 loek Rode har út 'e Amerikaanske pornoyndustry werom, mei as doel om in wurkpaad yn 'e sportsjoernalistyk nei te stribjen.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abby Rode is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en kupmaat 36E, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Hja hat gjin piercings, behalven troch har earlellen, mar wol in tatoeaazje fan trije Sineeske karakters op har lofterkût en in noch ien op har rjochterbil.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: