Loket (stêd): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px<br> | Flagge= 100px| Wapen= File:Loket Sokolov znak.png|60px..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 jun 2020 om 14.58

Loket (stêd)

Flagge Wapen
Polityk
Lân Tsjechje
Kraj Karlovarský kraj
Sifers
Ynwennertal 3.075 (01.01.2020)
Oerflak 26,74 km²
Hichte 427 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 1227
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside loket.cz

Loket, of yn it Dútsk Elbogen, is in stêd yn it okres Sokolov yn it kraj Karlovy Vary yn Tsjechje. De hiele histoaryske binnenstêd stiet ûnder monumintesoarch en in soad toeristen fan it kuerplak Karlovy Vary bringe ek in koarte besite oan it likernôch 13 kilometer eastliker lizzende Loket.

Skiednis

De boarch fan de stêd waard nei alle gedachten tsjin it ein fan de 12e iuw boud, wylst der al in delsetting sûnt 1227 bekend is. Yn 1234 wurdt de boarch as in keninklik grinskastiel fan it Keninkryk Bohemen neamd .

De stêd wist mei súkses de hussiten bûten de poarten te hâlden, mar yn 1521 folge de ynfiering fan de reformaasje.

Alhoewol't de befolking hast hielendal dútsksinnich wie, waard Elbogen yn 1919 oan de nije steat Tsjechoslowakije tawiisd. Yn 1930 wiene fan de 3998 ynwenners noch altiten mar 238 tjechysk. Neffens it Ferdrach fan München (1938) waard de stêd mei de anneksaasje fan it Sudetenlân by it Tredde Ryk foege.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de dútsktalige mienskip foar it grutste part Tsjechoslowakije útset. Har besittings waarden, lykas ek dy fan de lutherske en katolike tsjerken, ûnteigene. Sûnt dy tiid is Loket in tsjechyske stêd.

Etymology

De namme fan de stêd betsjut sawol yn it Tsjechysk as yn it Dútsk "earmtakke", in ferwizing nei de luds yn it rivierke Ohře (of yn it Dútsk Eger), dat de stêd omklammet.

It besjen wurdich

  • De midsiuwske binnenstêd
  • De goatyske boarch fan Loket
  • De Sint-Wenzeslaustsjerke
  • De Marijepylder op it Merkplein

Trivia

Yn 2006 waarden op it plein fan Loket sènes foar de James Bond-film Casino Royal draaid. De binnenstêd, de brêge en it parkearterrein by de boarch tsjinnen yn 2017 as dekor foar de russyske film T-34.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Loket