Sytze Faber: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
sjoch http://opc4.kb.nl/ en https://w.wiki/S28
→‎Libbensrin: nea lins
Rigel 12: Rigel 12:
Faber hat ferskate bestjoerskundige publikaasjes (ûnder mear syn [[proefskrift]]) oer de [[legere oerheid]] skreaun, ûnder oare oer de rol fan de boargemaster. Hy spitste dit benammen ta op [[Fryslân]], dêr't er lang wenne en wurke hat.
Faber hat ferskate bestjoerskundige publikaasjes (ûnder mear syn [[proefskrift]]) oer de [[legere oerheid]] skreaun, ûnder oare oer de rol fan de boargemaster. Hy spitste dit benammen ta op [[Fryslân]], dêr't er lang wenne en wurke hat.


Faber hat tal fan bestjoerlike funksjes beklaaid. Sa wie hy bygelyks fan desimber 1996 oant oktober 2000 foarsitter fan de [[IKON]] en is hy sûnt desimber 2006 foarsitter fan it [[Keninklike Nederlânske Skaakbûn]].
Faber hat tal fan bestjoerlike funksjes beklaaid. Sa wie hy bygelyks fan desimber 1996 oant oktober 2000 foarsitter fan de [[IKON]] en wie er fan desimber 2006 oant desimber 2007 foarsitter fan it [[Keninklike Nederlânske Skaakbûn]].


== Boek ==
== Boek ==

De ferzje fan 13 jun 2020 om 22.37

Sytse faber, 1978
Sytze Faber (midden) mei Piet Steenkamp

Sytze Faber (Skettens, 22 jannewaris 1937) is in Fryske politikolooch-bestjoerskundige, kollumnist, âld-sjoernalist en âld-politikus fan de ARP, letter fan it CDA.

Libbensrin

De grifformearde Faber studearre politikology oan de Frije Universiteit Amsterdam en promovearre yn 1974 binnen de sosjale wittenskippen yn de bestjoerskunde.

Hy wurke in skoft as assistint op de fakulteit bestjoerskunde fan de Frije Universiteit Amsterdam, wie dêrnei fan 1967 oant 1977 wittenskiplik haadmeiwurker bestjoerskunde oan de Fryske Akademy yn Ljouwert en waard dêrnei lid fan de haadredaksje fan it Frysk Deiblêd en de Twadde Keamerfraksje fan it CDA. Oant 1978 wie hy ek noch lid fan de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel. Yn 1985 naam hy ôfskied fan it parlemint en waard boargemaster fan Hoogeveen, wat hy oant 1998 bliuwe soe.

Yn syn parlemintêre perioade makke hy diel út fan de AR-radikalen, de lofterfleugel fan it CDA. Omdat hy faak oars stimde as syn politike partij kaam hy te boek te stean as 'dissidint'. Yn de tachtiger jierren fersette hy him ynearsten tsjin de komst fan de plande krúsraketten mar gie úteinlik dochs oerstaach.

Faber hat ferskate bestjoerskundige publikaasjes (ûnder mear syn proefskrift) oer de legere oerheid skreaun, ûnder oare oer de rol fan de boargemaster. Hy spitste dit benammen ta op Fryslân, dêr't er lang wenne en wurke hat.

Faber hat tal fan bestjoerlike funksjes beklaaid. Sa wie hy bygelyks fan desimber 1996 oant oktober 2000 foarsitter fan de IKON en wie er fan desimber 2006 oant desimber 2007 foarsitter fan it Keninklike Nederlânske Skaakbûn.

Boek

Yn april 2007 ferskynde fan syn hân it boek De wet van de koestal. Dêryn die Faber ferslach fan in perioade dat hy meirinne mocht mei de KristenUny-fraksje yn de Twadde Keamer. Dat spile him foarôfgeand en nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 2006 ôf. Foar de Kristen-Uny resultearren dizze ferkiezings en wat him dêrnei ôfspile yn regearingsdielname. Foar it earst yn har - noch koarte - skiednis soe se diel útmeitsje fan in kabinet, it kabinet-Balkenende IV. Faber makke sadwaande de formaasjeûnderhannelingen fan tichtby mei.

Publikaasjes (seleksje)

Keppeling om utens