Ynfantiside: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 18 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q916412
kt
 
Rigel 9: Rigel 9:
* [http://www.findarticles.com/p/articles/mi_m0PCG/is_1_21/ai_n6155263/ Journal of Population Research: It tekoart oan famkes yn Sina.]
* [http://www.findarticles.com/p/articles/mi_m0PCG/is_1_21/ai_n6155263/ Journal of Population Research: It tekoart oan famkes yn Sina.]


{{DEFAULTSORT:Infantiside}}
[[Kategory:Ynfantiside| ]]
[[Kategory:Moard]]
[[Kategory:Moard]]
[[Kategory:Bern]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 5 jun 2020 om 21.17

Ynfantiside of bernemoard is it mei sin deameitsjen fan poppen, almeast troch de eigen âldelju (filiside), mar ek wol troch oaren. Neonatiside, it deadzjen fan 'e poppe binnen in tiidsromte fan fjouwerentweintich oeren nei de berte, wurdt statistysk sjoen faker dien troch froulju (oer it algemien de mem), wylst it deadzjen fan poppen dy't âlder binne as in dei faker dien wurdt troch manlju (oer it algemien de heit). Ynfantiside kaam yn it ferline yn withoefolle foarmen oeral op 'e wrâld foar, fan 'e Inuit oant de eilannen yn 'e Stille Súdsee en fan 'e San fan súdlik Afrika oant Jeropa.

Yn in protte eardere maatskippijen wie ynfantiside ûnder beskate betingsten en omstannichheden tastien, benammentlik as it om in bern gie mei oanberne lichaamlike beheinings. Ek it offerjen fan bern oan 'e goaden kaam wol foar; it âlde Kartago stie dêr bygelyks om bekend. Mar ek hjoed de dei komt bernemoard noch wol foar, ek yn 'e Westerske wrâld, sij it ornaris yn 'e foarm fan 'e dieden fan sljochtsinnige of psychysk betize lju. Yn guon oare lannen bestiet in ûnwettige foarm fan ynfantiside ek noch fuort, nammentlik geslachtsselektive ynfantiside, wêrby't poppen fan in beskaat geslacht (yn 'e regel famkes) deade wurde. Benammen Sina stiet dêrom bekend (dêr't it fuorkomt út it feit dat de regearing gesinnen mar ien bern tastiet en men mient dat famkes letter harren âldelju net ûnderhâlde kinne sille), mar dit ferskynsel is net ta Sina beheind. Ek yn Yndia en dielen fan Afrika bestiet dizze praktyk.

Dêrnjonken beskôgje guon minsken abortus en eutanasy tapast op terminaal sike bern ek as foarmen fan ynfantiside, al wurdt dat yn 'e measte lannen troch de wetjouwer net sa sjoen.

Keppelings om Utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]