Grottekleaster fan Pskov: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Frysk
L st
Rigel 49: Rigel 49:


== [[Ynterbellum]] en [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] ==
== [[Ynterbellum]] en [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] ==
Yn 1920-1940 foel it kleaster yn de grinzen fan Estlân. Yn dy tiid waarden kleasters yn Sovjet-Uny ferbean en in soad dêrfan mei de grûn lykmakke. Doe't nei de [[Nazy-Dútslân|Dútske]] besetting yn 1944 de grins ferskode en it kleaster yn de Sovjet-Uny kaam te lizzen bleau it iepen. By loftoanfallen op it kleaster troch de loftmacht fan de Sovjet-Uny yn de nacht fan 31 maart nei 1 april 1944 kaam Makarius, biskop fan Novgorod, om it libben. Under de besetting fan de Dútsers diene de muontsen krekt as hja lojaal oan it rezjym wiene, mar ûndertusken beaën se minsken dy't troch de [[Gestapo]] socht waarden in skûlplak yn de tsjerken. Yn de tiid fan de Dútske besetting foarme it kleaster in kongres- en moetingssintrum foar hegere geastliken. Nei de befrijing troch it Reade Leger naam abt Pavel sit yn de kommisje dy't misdieden fan de besetters yn Pskov en omkriten ûndersykje moast, mar yn oktober 1944 waard er ûnferwachts arrestearre. De abt waard beskuldige fan kollaboraasje en dêr 15 jier foar feroardiele. Hy ferstoar yn 1950 en waard pas yn 1997 wer rehabilitearre.
Yn 1920-1940 foel it kleaster yn de grinzen fan Estlân. Yn dy tiid waarden kleasters yn Sovjet-Uny ferbean en in soad dêrfan mei de grûn lykmakke. Doe't nei de [[Nazy-Dútslân|Dútske]] besetting yn 1944 de grins ferskode en it kleaster yn de Sovjet-Uny kaam te lizzen bleau it iepen. By loftoanfallen op it kleaster troch de loftmacht fan de Sovjet-Uny yn de nacht fan 31 maart nei 1 april 1944 kaam Makarius, biskop fan Novgorod, om it libben. Under de besetting fan de Dútsers diene de muontsen krekt as hja lojaal oan it rezjym wiene, mar ûndertusken beaen se minsken dy't troch de [[Gestapo]] socht waarden in skûlplak yn de tsjerken. Yn de tiid fan de Dútske besetting foarme it kleaster in kongres- en moetingssintrum foar hegere geastliken. Nei de befrijing troch it Reade Leger naam abt Pavel sit yn de kommisje dy't misdieden fan de besetters yn Pskov en omkriten ûndersykje moast, mar yn oktober 1944 waard er ûnferwachts arrestearre. De abt waard beskuldige fan kollaboraasje en dêr 15 jier foar feroardiele. Hy ferstoar yn 1950 en waard pas yn 1997 wer rehabilitearre.


== Nei de kriich ==
== Nei de kriich ==

De ferzje fan 3 jun 2020 om 03.33

Grottekleaster fan Pskov

Псково-Печерский монастырь

bouwurk
Tsjerken fan it Grottenkleaster fan Pskov
Tsjerken fan it Grottenkleaster fan Pskov
lokaasje
lân Ruslân
plak Petsjory
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Stifting 1473
offisjele webside
Side fan it kleaster

It Pskov-Petsjory Kleaster of it Pskovo-Petsjerksy Untsliepenis Kleaster (Russysk: Пско́во-Печ́ерский Успе́нский монасты́рь, Estsk: Petseri klooster) is in Russysk-otterdoks kleaster foar muontsen yn Petsjory yn it oblast Pskov, Ruslân. It kleaster leit in pear kilometer fan de grins mei Estlân en lei fan 1920 oant 1945 op it grûngebiet fan dat lân. Dêrmei wist it kleaster te ûntkommen oan de slutingsweach fan kleasters yn de Sovjet-Uny tsjin it ein fan de jierren 1920. It kleaster bleau as útsûndering op de regel yn de hiele skiednis en ek yn de hiele 20e iuw in bewenne en aktyf kleaster.

Stifting

De 16e iuwske muorren

Yn 1473 waard op it plak in grottsjerke ynwijd ta eare fan de himelfeart fan de Mem Gods, dy't troch in sekere Jehannes yn in heuvel fan sânstien úthoud wie. Dêrby waard er holpen troch syn frou en nei har dea naam er it beslút muonts te wurden en de monastike namme Jona oan te nimmen. Der bestiet lykwols gjin betroubere ynformaasje oer de stifting fan it kleasterlibben en der hawwe ek gjin wittenskiplike stúdzjes west oer de oarsprong fan de grotten fan it kleaster. De muontsen soene harren nei wenjen setten ha yn de grotten, nei't se fanút it suden nei Pskov flechten foar de ynfallen fan de Krim-Tataren. Nei de bou fan de earste tsjerke ûntstie der al gau in lyts kleaster. De grotten waarden yn de rin fan de tiid troch de muontsen brûkt om harren bruorren yn te begraven.

It kleaster lei op de grins fan Ruslân en Liiflân. Neffens de kroniken fan it kleaster waard it mear as in kear ferwoastge troch de buorlju fan de oare kant fan de grins. It offisjele begjin fan it kleaster wie 1519, doe't Moskou it strategyske belang fan it kleaster ûnderkende fanwegen it 20 kilometer fierderop oan de oare kant fan de grins lizzende Letske fort Neuhausen. Yn 1523 waard it kleaster fersterke mei houten ôffredings, de grottsjerke waard fergrutte en der waard in nije, oan Antonius en Teodosius (de stifters fan it Kiëvske Petsjersk-lavra) wijde, tsjerke byboud. Ek it hânfêst fan it kleaster waard ôfstimd op dat fan it Kiëvske Petsjersk-lavra.

Heechtijdagen fan it kleaster

"It berou fan Ivan de Ferskriklike"; Ivan frege hegumen Kornelius om him de tonsuer fan it kleaster nimme te litten (Skilderij fan Klavdi Lebedev

Under it bestjoer fan abt Kornelius ûndergyng it kleaster in tiidrek fan grutte bloei. Yn 1541 liet er in refter mei in tsjerke tafoegje, joech er opdracht ta in fergrutting fan de katedraal en liet er mear kleastergrotten útgrave. Under syn bewâld feroare it kompleks ek yn in sterk fort mei stiennen ferdigeningsmuorren (1558-1565) en de poartetsjerke fan de hillige Nikolaas (1564 of 1565). Abt Kornelius, dy't letter de status fan in te ferearjen martler krige, ferstoar yn 1570. Neffens de measte skiedkundigen en de Russysk-Otterdokse Tsjerke waard er persoanlik troch tsaar Ivan de Ferskriklike fermoarde, om 't dy de abt fan ferried en it stypjen fan in yn ûngenede fallen prins fertocht. Neffens in manuskript yn it Trije-ienheid-Sergius Lavra fûn de moard plak by de poarte fan it kleaster. De tsaar krige fuort spyt fan de moard en droech it deade lichem mei eigen hannen nei de Untsliepeniskatedraal. Sûnt dy tiid wurdt it paad fan de Nikolaastsjerke nei de Untsliepenistsjerke it "Bluodrige Paad" neamd. Ynearsten waard de abt yn de grotten byset, mar letter opgroeven en yn in skryn yn de katedraal te rêste lein.

De muorren fan Kornelius holden it kleaster 150 jier feilich en sloegen oanfallen fan Poalske en Sweedske troepen ôf, mar nei de Grutte Noardske Kriich fan 1700-1721 ferlear it kleaster it strategyske belang.

De Michaelkatedraal

Michaelkatedraal

Nei't yn 1758-1759 de Foarbeatsjerke en yn 1792-1800 de Lazarustsjerke boud waarden, waard yn 1815 útein set mei de bou fan in nije katedraal. De yn 1827 foltôge katedraal waard yn klassisistyske styl neffens in plan fan de Italjaanske arsjitekt Luigi Rusca útfierd en is it grutste tsjerkegebou fan it kleaster. De nijbou fan de oan de aartsingel Michael wijde katedraal fûn plak út tankberens foar de befrijing fan de Frânske ynfallers.

Ynterbellum en Twadde Wrâldkriich

Yn 1920-1940 foel it kleaster yn de grinzen fan Estlân. Yn dy tiid waarden kleasters yn Sovjet-Uny ferbean en in soad dêrfan mei de grûn lykmakke. Doe't nei de Dútske besetting yn 1944 de grins ferskode en it kleaster yn de Sovjet-Uny kaam te lizzen bleau it iepen. By loftoanfallen op it kleaster troch de loftmacht fan de Sovjet-Uny yn de nacht fan 31 maart nei 1 april 1944 kaam Makarius, biskop fan Novgorod, om it libben. Under de besetting fan de Dútsers diene de muontsen krekt as hja lojaal oan it rezjym wiene, mar ûndertusken beaen se minsken dy't troch de Gestapo socht waarden in skûlplak yn de tsjerken. Yn de tiid fan de Dútske besetting foarme it kleaster in kongres- en moetingssintrum foar hegere geastliken. Nei de befrijing troch it Reade Leger naam abt Pavel sit yn de kommisje dy't misdieden fan de besetters yn Pskov en omkriten ûndersykje moast, mar yn oktober 1944 waard er ûnferwachts arrestearre. De abt waard beskuldige fan kollaboraasje en dêr 15 jier foar feroardiele. Hy ferstoar yn 1950 en waard pas yn 1997 wer rehabilitearre.

Nei de kriich

Nei de kriich wiene der noch mar twa aktive otterdokse kleasters op it grûngebiet fan de Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk: it yn 1946 wer iepene Trije-ienheid-Sergius Lavra en it Pskovo Petsjerki-kleaster. Under de nije ferfolgings fan Nikita Chrûsjtsjov yn de jierren 1960 fersette abt Alipij him mei súkses tsjin it sluten fan it kleaster. Yn syn tiid waarden de muorren, de tsjerken en oare gebouwen renovearre en kamen fan de nazy's stellen keunstwurken nei it kleaster werom. Ek yn de jierren 1980 fûnen der restauraasjes plak.

Tsjerken

Hillige Poarte
  • Katedraal van de Aartsingel Michael (1815-1820)
  • Antonius en Teodosiustsjerke (1988-1995)
  • Ferkundigingstsjerke (1541)
  • Cornelius fan Pskovtsjerke (1986)
  • Lazarustsjerke (18e iuw)
  • Sint-Nikolaastsjerke (1565)
  • Foabeatsjerke
  • Siméon fan Pskovtsjerke (2005)
  • Tsjerke fan de Presintaasje fan de Hear (1870)
  • Grottsjerke fan de Untsliepenis fan de Mem Gods (1523)
De koepels fan de Foarbeatsjerke

Grotten

It hiele kleasterkompleks waard boud oer twa systemen fan grotten dêr't tûzenen muontsen begroeven waarden. De tichtebylizzende grotten hawwe in u-foarmich grûnplan en in lingte fan 15 meter. Dêr binne de û.o. de grêven fan de stifter en syn frou te finen fan it kleaster. De barokke, mei blauwe en gouden koepels bekroande, Foarbeatsjerke foarmet de tagong fan de grotten. De grot kin in besite brocht wurde en foar it ljocht krije de besikers in kears. De fierderlizzende grotten binne yn prinsipe net tagonklik en besteane út ferskillende tsjerken en sân ûndergrûnske gongen mei in lingte fan likernôch 200 meter . It is it begraafplak fan it kleaster en ek binne dêr yn it ferline fromme leken byset.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: