Ferskil tusken ferzjes fan "Kavalery"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
1 byte lytser ,  1 moanne lyn
L
st
L (st)
 
Fan 'e ierste tiden ôf hie de kavalery it foardiel fan mobiliteit boppe de gewoane ynfantery. Boppedat hie immen dy't fan 'e rêch fan in hynder ôf focht it foardiel fan hichte boppe ien dy't op 'e grûn stie. En dêropta waarden [[striidhynder]]s faak treend om 'e fijân fan 'e berider te skoppen en te biten. In neidiel wie lykwols dat de kavalery yn 'e regel lichter bewapene wie as de ynfantery. Mei lju dy't net treend wiene om it tsjin hynstefolk op te nimmen of formaasjes dy't útinoarfallen wiene, makke de kavalery sadwaande ornaris koarte metten, mar in wisberette kloft ynfanteristen dy't in oaniensletten formaasje behold en oer wapens beskikte (lykas [[spear]]en of [[gewear]]en) wêrmei't men de kavaleristen fan in ôfstân te liif koe, koe him de kavalery oer it algemien goed fan it liif hâlde. Om't de beide ûnderdielen ferskillende funksjes ferfollen, beskikten frijwol alle legers oer sawol kavalery as ynfantery.
 
Yn 'e [[Midsiuwen]] waard de kavalery foarme troch [[ridder]]s, dy't swier pânsere (yn [[harnas]]) de striid mei-inoar of mei it fuotfolk oangiene. Yn dy tiid bewapene it fuotfolk him mei saneamde [[helleburd]]en, lange stokken mei dêroan [[bile]]blêden, [[spear]]punten en heakken, dêr't se de ridders mei berikke en út it seal skuorre koene. Nei't de swiere bepânsering syn wearde ferlear om't [[fjoerwapen]]s yn 'e moade kamen dy't troch de measte harnassen hinne skeaten, joech de kavalery geandewei de [[Renêssânse]] de bepânsering op, al bleaune [[boarstkuras]]sen, dy't inkled it [[boarst]] bedutsen en in beskate beskerming beaënbeaen tsjin [[lâns (wapen)|lânsen]] en [[sabel]]s, oant yn 'e [[njoggentjinde iuw]] foar in diel fan 'e kavalery yn 'e moade.
[[File:Lietuvos kavalerija.Lithuanian cavalry.jpg|thumb|left|320px|[[Litouwen|Litouske]] lânsiers oan it oefenjen yn 'e [[1930]]-er jierren.]]
 
7.796

bewurkings

Navigaasjemenu