Blidens: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
15 bytes grutter ,  2 jier lyn
L
red
L (red)
L (red)
 
[[Ofbyld:GuysSparkler.JPG|thumb|225px|]]
'''Blidens''', '''blydskip''' of '''blydskipfreugde''' is in positive [[emoasje]] by minsken of bisten, in tefredenheid mei de omstannichheden of omjouwing. Wa't bliid of lokkich is, ûnderfynt gjin gebrek of [[stress]], hat positive gefoelens oer de omjouwing of himsels en hat dan ek net folle ferlet om de omstannichheden te wizigjen. In bekende utering fan wille is [[Laitsje (humor)|laitsje]], mar soms kin ien ek [[gûle]] fan blidens. As de positive gefoelens langere tiid oanhâlde, wurdt fan [[gelok (emoasje)|gelok]] sprekke. Yntinse, dertene wille wurdt [[eufory]] neamd.<br>
Fakentiden ûntstiet de emoasje as oan in langstme foldien wurdt, mar de langstme sels kin ek al in posityf gefoel jaan. It is hjirby wol fan belang dat dit langstme in werklik langstme fan in yndividu is. Faak betizet ien in maatskiplik of kollektyf [[ideaal]] mei syn of har yndividueel langstme. As by it ferwerklikjen fan dit ideaal blykt dat it net de foldwaning jout dy't de persoan ferwachte hie (bygelyks: "jild makket lokkich"), levert dit negative emoasjes op, lykas teloarstelling of ferbittering.
 

Navigaasjemenu