Skandinavysk Skiereilân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 6: Rigel 6:


[[Kategory:Skandinaavje| 2]]
[[Kategory:Skandinaavje| 2]]
[[Kategory:Skiereilân]]
[[Kategory:Skiereilân yn Jeropa]]
[[Kategory:Diel fan Jeropa]]
[[Kategory:Diel fan Jeropa]]

De ferzje fan 31 mai 2020 om 00.12

In kaart fan it Skandinavysk Skiereilân.

It Skandinavysk Skiereilân is in skiereilân yn Jeropa. It uterste suden fan it gebiet leit yn it Sweedske Skania, en rint dêrnei nei it noarden ta oant de Noardkaap. De lannen Noarwegen en Sweden lizze yn it gebiet. Ek it noardlik part fan Finlân makket yn sommige definysjes diel út fan it skiereilân. Wêr't de eastlike grins leit is net hielendal wis. Meastal wurde de grinzen fan Noarwegen en Sweden brûkt.

It lânskip fan it skiereilân wurdt dominearre troch it Skandinavysk Heechlân. Yn it westen fan it Skandinavysk Skiereilân lizze de Noarske fjorden, yn it suden lizze de grutte marren, it Vänermar en it Vättermar. Foar de kust fan it skiereilân lizze in protte lytse rotseilantsjes, saneamde skeren.