Hoarn fan Afrika: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
 
Rigel 10: Rigel 10:


[[Kategory:Diel fan Afrika]]
[[Kategory:Diel fan Afrika]]
[[Kategory:Skiereilân]]
[[Kategory:Skiereilân yn Afrika]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 30 mai 2020 om 23.05

In kaart fan Afrika mei de lannen fan de Hoarn fan Afrika yn it grien.

De Hoarn fan Afrika is in skiereilân oan de uterste eastpunt fan Afrika, dêr't de Reade See útmûnet yn de Arabyske See, in part fan de Yndyske Oseaan. It skiereilân rikt foar sa’n 400 kilometer de Arabyske See yn.

De namme wurdt ek brûkt foar it oanlizzende gebiet. Yn dat gebiet lizze de lannen Etioopje, Somaalje, Eritrea en Dzjibûty. Dat gebiet hat in grutte fan likernôch 2 miljoen kante kilometer en it hat sa’n 90 miljoen ynwenners. Wichtige talen yn dit gebiet binne it Amhaarsk, it Somalysk, it Oromoosk en it Arabysk.

De term waard ferneamd nei de Ogadenkriich tusken Somaalje en Etioopje yn 1977-1978.

In reliëfkaart fan de Hoarn fan Afrika.