Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 72: Rigel 72:
* {{Flagge_NL}} [[Ryksuniversiteit Grins]] ([[Nederlân]])
* {{Flagge_NL}} [[Ryksuniversiteit Grins]] ([[Nederlân]])


[[Kategory:Russyske universiteit]]
[[Kategory:Universiteit yn Ruslân|Sint-Petersburch]]
[[Kategory:Sint-Petersburch]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1724]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1724]]

De ferzje fan 26 mai 2020 om 20.16

Universiteit fan Sint-Petersburch
Logo en Russyske namme
Logo en Russyske namme
Namme
Ofkoarting SPbGU
Latynske namme Universitas Petropolitana
Biedwurd Hic tuta perennat
Lokaasje
Lân Ruslân
Plak Sint-Petersburch
Oare bysûnderheden
Type Iepebiere universiteit
Oprjochting 28 jannewaris 1724
Rektor Nikolaj Kropatsjev
Tal studinten ± 32.000
Tal meiwurkers 4.055 (2004)
Netwurken BRICS Universities League, Campus Europae
Offisjele webside
spbu.ru
De Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch
De fakulteit Wiskunde en Meganika oan de Petershof

De Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch (Russysk: Санкт-Петербургский государственный университет, Sankt-Peterboerski gosoedarstvenni oeniversitet) is ien fan de âldste universiteiten fan Ruslân en fêstige yn Sint-Petersburch.

Foar 1924 hie de universiteit de nammen Petersburguniversiteit, Petrograduniversiteit en Universiteit fan Sint-Petersburg. Tusken 1924 en 1948 en yn de perioade tusken 1989 en 1991 hjitte er Steatsuniversiteit fan Leningrad. Fan 1948 oant 1989 wie de namme Steatsuniversiteit fan Leningrad A. A. Zjdanov.

De universiteit waard as "Wittenskipsakademy fan Sint Petersburch" op 24 jannewaris 1724 fan tsaar Peter de Grutte oprjochte neffens iin opset fan Gottfried Wilhelm Leibniz. Sûnt 1726 waarden der ek iepenbiere koleezjes jûn. De akademy gie yn 1803 formeel ticht, mar der wie noch wol in Pedagogysk Ynstitút dat de basis waard foar de nije universiteit dy't yn 1819 iepene waard. De status fan âldste universiteit fan Ruslân wurdt dêrom ek oanstriidber: de Steatsuniversiteit fan Moskou hat ommers sûnt 1755 sûnder ûnderbrekking bestien.

De universiteit krige yn 1944 de Lenin-oarder en yn 1969 de Oarder fan de Reade Flagge fan de Arbeid.

Yn 2004 hie de universiteit sân Nobelpriiswinners ûnder har ôfstudearden.

Fakulteiten

De universiteit hat 19 fakulteiten.

  • Tapaste wiskunde en Statistyk
  • Biology en Boaimkunde
  • Skiekunde
  • Ekonomy
  • Geografy en Geo-ekology
  • Geology
  • Skiednis
  • Ynternasjonale Relaasjes
  • Sjoernalistiek
  • Rjochten
  • Management
  • Wiskunde en Meganika
  • Medisinen
  • Oriïntaalske Stúdzjes
  • Filology en Keunst
  • Filosofy en Politike wittenskippen
  • Natuerkunde
  • Psychology
  • Sosjology

Ferneamde alumni

Partneruniversiteiten

In kar: