Joost Zwagerman: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Foto
L st
Rigel 42: Rigel 42:


Zwagerman wie teffens in warber kollumnist, foar ''[[de Volkskrant]]'' (1998–2002) en sûnt 2001 foar ''[[NRC Handelsblad]]''. Fierders wie er presintator fan it VPRO-telefyzjeprogramma ''Zomergasten'' en die er in teätertour mei skriuwer [[Ronald Giphart]].<br>
Zwagerman wie teffens in warber kollumnist, foar ''[[de Volkskrant]]'' (1998–2002) en sûnt 2001 foar ''[[NRC Handelsblad]]''. Fierders wie er presintator fan it VPRO-telefyzjeprogramma ''Zomergasten'' en die er in teätertour mei skriuwer [[Ronald Giphart]].<br>
Zwagerman wie teffens geregeldwei op de Nederlânske tillefyzje te sjen; yn it VARA-programma [[De Wereld Draait Door]],<ref>[http://dewerelddraaitdoor.vara.nl/ dewerelddraaitdoor.vara.nl]</ref><ref>[http://vara.nl/ vara.nl]</ref> joech er geregeldwei lytse kolleezjes oer keunstûnderwerpen. Zwagerman mocht syn leafde foar de keunsten graach op een breed publyk oerbringe; dat die er op in entûsjaste, oanstekkelike manier.
Zwagerman wie teffens geregeldwei op de Nederlânske tillefyzje te sjen; yn it VARA-programma [[De Wereld Draait Door]],<ref>[http://dewerelddraaitdoor.vara.nl/ dewerelddraaitdoor.vara.nl]</ref><ref>[http://vara.nl/ vara.nl]</ref> joech er geregeldwei lytse kolleezjes oer keunstûnderwerpen. Zwagerman mocht syn leafde foar de keunsten graach op een breed publyk oerbringe; dat die er op in entûsjaste, oansteklike manier.


Zwagerman wie as auteur ferbûn oan twa universteiten; yn 1998 oan de [[Ryksuniversiteit Grins]] en yn 2003 oan de [[Universiteit Leien]]. Yn 2006 hold er de Frans Kellendonklêzing oan de [[Radboud Universiteit Nymwegen]].
Zwagerman wie as auteur ferbûn oan twa universteiten; yn 1998 oan de [[Ryksuniversiteit Grins]] en yn 2003 oan de [[Universiteit Leien]]. Yn 2006 hold er de Frans Kellendonklêzing oan de [[Radboud Universiteit Nymwegen]].

De ferzje fan 21 mai 2020 om 23.52

Joost Zwagerman
skriuwer
Joost Zwagerman, maart 2010
Joost Zwagerman, maart 2010
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Jacobus Willebrordus Zwagerman
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 18 novimber 1963
berteplak Alkmaar
stoarn 8 septimber 2015
stjerplak Haarlim
wurk
útjouwer De Arbeiderspers, Hollands Diep
prizen AKO Literatuerpriis, Gouden Ganzenveer 2008
jierren aktyf 1986-2015
offisjele webside
http://www.joostzwagerman.nl/
It grêf fan Joost Zwagerman yn Bergen (Noard-Hollân)

Johannes Jacobus Willebrordus (Joost) Zwagerman (Alkmaar, 18 novimber 1963Haarlim, 8 septimber 2015) wie in Nederlânsk skriuwer, dichter, essayist en kollumnist.

Zwagerman wie jierrenlang oanhelle mei depresjes; op 8 septimber 2015 makke er in ein oan syn libben.[1]

Jonkheid en oplieding

Johannes Jacobus Willebrordus Zwagerman waard berne yn Alkmaar as soan fan ûnderwizers.

Doe't er njoggen wie makke er it mei de hân skreaune tydskrift, De Zwagergids, gearstald út teksten en plaatsjes fan telefyzjegidsen.

Zwagerman die de Havo oan de Ryksskoallemienskip Noord-Kennemerland yn Alkmaar. Dêrnei gie er nei de Pedagogyske Akademy. Nei syn diplomearring studearre er Nederlandse taal- en letterkunde, mar makke dy stúdzje net ôf. Yn syn studintetiid skreau er al ferskate artikelen. Nei syn stúdzje folge er in kursus kreätyf skriuwer by romanskriuwer Oek de Jong.

Wurkpaad

Zwagerman debutearre mei de roman De houdgreep yn 1986. Gimmick! (1989), syn twadde roman waard bewurke ta toanielstik en berikte in folle breder publyk. Hy skreau syn tredde boek, Vals licht, yn 1991 en krige dêrfoar de AKO Literatuerpriis. Vals Licht wie teffens de grûnslach foar in film fan Theo van Gogh (1993).
Der folgen mear romans: Chaos en Rumoer, Zes Sterren en De buitenvrouw. Zwagerman syn wurk is oerset yn tolve talen, ûnder oaren yn it Dútsk, Frânsk en Japansk.

Njonken boeken publisearre Zwagerman ek gedichten en essays. Yn 1987 ferskynde syn earste dichtbondel Langs de doofpot. Hy krige de Awater poëzy priis foar de samling Roeshoofd hemelt (2005) , dy't fjouris werprinte waard. Under syn essaybondels binne Pornotheek Arcadië (2001) en Het vijfde seizoen (2003).

Zwagerman wie teffens in warber kollumnist, foar de Volkskrant (1998–2002) en sûnt 2001 foar NRC Handelsblad. Fierders wie er presintator fan it VPRO-telefyzjeprogramma Zomergasten en die er in teätertour mei skriuwer Ronald Giphart.
Zwagerman wie teffens geregeldwei op de Nederlânske tillefyzje te sjen; yn it VARA-programma De Wereld Draait Door,[2][3] joech er geregeldwei lytse kolleezjes oer keunstûnderwerpen. Zwagerman mocht syn leafde foar de keunsten graach op een breed publyk oerbringe; dat die er op in entûsjaste, oansteklike manier.

Zwagerman wie as auteur ferbûn oan twa universteiten; yn 1998 oan de Ryksuniversiteit Grins en yn 2003 oan de Universiteit Leien. Yn 2006 hold er de Frans Kellendonklêzing oan de Radboud Universiteit Nymwegen. Jannewaris 2008 krige Zwagerman de Gouden Ganzenveer, foar syn grutte fertsjinste foar it skreaune wurd yn Nederlân.

Joost Zwagerman wenne oant syn skieding mei syn frou en trije bern yn Amsterdam. Desimber 2012 sette er him mei syn nije freondinne nei wenjen yn Haarlim.

Bibliografy

Joost Zwagerman (twadde fan rjochts) mei kollega-skriuwers Ellen Ombre en Michiel van Kempen yn 2002

Proaza

  • 1986 - De Houdgreep, roman
  • 1987 - Kroondomein, ferhalen
  • 1989 - Gimmick!, roman
  • 1991 - Vals Licht, roman
  • 1994 - De buitenvrouw, roman
  • 1996 - Tomaatsj, novelle
  • 1997 - Chaos en rumoer, roman
  • 1998 - Het jongensmeisje, ferhalen
  • 2002 - Zes sterren, roman
  • 2010 - Duel, novelle. Boekewikepresint

Gedichten

  • 1987 - Langs de doofpot, gedichten
  • 1988 - De ziekte van jij, gedichten
  • 1993 - De mooiste vrouw ter wereld, gedichten
  • 2001 - Bekentenissen van de pseudomaan, gedichten
  • 2005 - Roeshoofd hemelt, gedichten
  • 2005 - Tot hier en zelfs verder. De vroege gedichten
  • 2010 - Beeld verplaatst, gedichten by keunstwurken fan û.o Erwin Olaf, Rineke Dijkstra, Marlene Dumas en Rob Scholte
  • 2012 - De wereld is hier, in kar út de gedichten
  • 2014 - Voor alles, gedichten

Non-fiksje

  • 1993 - Collega's van God, essays
  • 1993 - De kus van Michael Jackson, jeugdboek
  • 1996 - In het wild, essays en kritiken
  • 2000 - Pornotheek Arcadië, essays
  • 2001 - Walhalla, essays
  • 2001 - Landschap met klein vuil, kollumns
  • 2003 - Het wilde westen, kollumns
  • 2003 - Het vijfde seizoen, essays
  • 2004 - Tussen droom en daad in Dubbelstad: Alkmaar in feit en fictie
  • 2005 - Door eigen hand. Zelfmoord en de nabestaanden, essays en ynterviews
  • 2006 - Perfect Day en andere popverhalen
  • 2006 - Transito, essays
  • 2007 - De schaamte voor links, pamflet
  • 2007 - Hollands welvaren
  • 2009 - Hitler in de polder & Vrij van God, pamflet
  • 2011 - Alles is gekleurd, omzwervingen in de kunst
  • 2012 - Kennis is geluk. Nieuwe omzwervingen in de kunst
  • 2013 - Americana 1 & 2, Omzwervingen in de Amerikaanse cultuur
  • 2015 - De Stilte van het Licht

Oars

  • 2005 - De Nederlandse en Vlaamse literatuur vanaf 1880 in 250 verhalen, karlêzing
  • 2006 - De Nederlandse en Vlaamse literatuur vanaf 1880 in 60 lange verhalen, karlêzing
  • 2007 - De ontdekking van de literatuur. The Paris Review Interviews, karlêzing
  • 2008 - De Nederlandse en Vlaamse literatuur vanaf 1880 in 200 essays, karlêzing
  • 2009 - Het volmaakte kleine stukje, een keuze uit het werk van Kees Fens, karlêzing

Sekundêre literatuer

  • 2003 - Standplaats Zwagerman (fan Elik Lettinga)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nu.nl - 'Schrijver Joost Zwagerman pleegt zelfmoord'
  2. dewerelddraaitdoor.vara.nl
  3. vara.nl