Klavesimbel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Kat
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Ofbyld fan nl:
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Clavecin flamand.png|right|300px|thumb|Klavesimbel yn Flaamske styl]]
De '''klavesimbel''' is in toetsynstrumint dêr't troch it yndrukken fan in toets in snaar by poand wurdt.
De '''klavesimbel''' is in toetsynstrumint dêr't troch it yndrukken fan in toets in snaar by poand wurdt.



De ferzje fan 6 okt 2007 om 15.32

Klavesimbel yn Flaamske styl

De klavesimbel is in toetsynstrumint dêr't troch it yndrukken fan in toets in snaar by poand wurdt.

Toanfoarming

De klavesimbel is yn fleugelfoarm boud. Oan de koarte kant sitte de toetsen. Wurdt in toets yndrukt, dan komt der in tûnge fan lear omheech dy't de snaar poant. By it loslitten fan de toets komt der in filtsje del op de snaar om dy te dôvjen. Dat is lykwols wat in kompromis: it filtsje kin de snaar mar in bitsje dôvje, mar as de snaar net dôve wurde moat, moat de toets hiel de tiid omleech holden wurde.

Fan it trochklinken waard gebrûk makke, mei it ynskowen fan ferskate materialen foar it dôvjen; registers dy't it lûd fan de snaren feroaren. Guon klavesimbels wienen dûbel útfierd, mei twa klavieren en mei snaren foar elts klavier, dat ferskate registers trochelkoar brûkt wurde koenen.

Skiednis

De klavesimbel is nei alle gedachten om 1500 hinne ûntwikkele yn Ytaalje. Yn de 17e ieu wie Antwerpen, en ek fierder de Súdlike Nederlannen, ferneamd om de klavesimbels dy't dêr boud waarden. Dizze ynstruminten waarden fral foar keamermuzyk brûkt.

De klavesimbel en de klavikort wienen de foarrinners fan de piano, dy't yn de 18e ieu it plak fan toetsynstrumint opeaske.

Sûnt yn de 19e ieu de Barokmuzyk wer spile waard, wurde der ek wer klavesimbels boud en bespile. Dêrby is it hjoeddeiske klavesimbel in fierder-ûntwikkele ynstrumint, mei ûnder oaren in wat krêftiger lûd.