Wytgatswel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 9: Rigel 9:


== Fryske nammen ==
== Fryske nammen ==
De Wytgatswel wurdt ek wol de Hússwel neamt.
De Wytgatswel wurdt ek wol de Hússwel neamd.


== Foarkommen ==
== Foarkommen ==

De ferzje fan 12 mai 2020 om 23.18

Berjocht:Soart De Wytgatswel (Delichon urbica) is ien fan de soarten út de famylje fan de Swellen dy't yn Fryslân geregeld te sjen is.

Fryske nammen

De Wytgatswel wurdt ek wol de Hússwel neamd.

Foarkommen

De Wytgatswel is sa'n 13 sm lang en waacht 16 oant 25 gram. De fûgel hat in blauswarte kop, rêch, wjukken en sturt. De ûnderkant is wyt en ek de stuit. De stuit hat net sa'n djippe ynsnijde swellesturt as bygelyks de boereswel mar is wol dúdlik te sjen.

Fersprieding

Ferspriedingsgebiet: giel it briedgebiet, blau it oerwinteringsgebiet

De Wytgatswel libbet meast yn it kultuerlânskip, yn it iepen fjild tot oant yn de stêd. It is in briedfûgel in hiel Jeropa, oant in hichte fan 2000 m. Fierders komt er ek noch yn Aazje foar oant yn it noardwesten fan Sibearje, Japan en it noardwesten fan Afrika. De fûgels binne dêr meast fan april oant septimber. Winterdeis libje de Jeropeeske wytgatswellen súd fan de Sahara oant Súd-Afrika.

Iten

It iten fan de wytgatswel bestiet út lytse fleanende ynsekten dy't de fûgel yn it iepen fjild yn de loft fangt.

Fuortplanting

in âlde fûgel by it nêst
Delichon urbicum

De Wytgatswellen bouwe harren nêst meast tsjin bûtenmuorren ûnder oerstekkende dakrânen. It bestiet út modder dy't mei spui opmitsele wurdt yn de foarm fan in heale bol mei in nauwe yngong oan de boppekant. Ien as twa kear per jier wurde trije oant fiif wite aaien lein dy't troch de beide âlden yn 12 oant 15 dagen útbret wurde. De jongen wurde dan noch sa'n trijenheale wike troch de âlden fuorre.

Sjoch ek